It Amelân kriget wer kroanbeneamde boargemaster

april 18, 2019 10:28

It Amelân kriget wer in kroanbeneamde boargemaster. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok wol de fakatuere meikoarten iepenstelle litte. Dat hat er woansdeitejûn yn Ballum melden oan de gemeenteried fan It Amelân.

Neffens waarnimmend boargemaster Gerard van Klaveren is de politike rêst op it eilân weromkommen. De hear Brok hie dat as betingst steld foardat de syktocht nei in nije boargemaster begjinne koe. De hear Van Klaveren kaam yn july ferline jier nei it eilân. Hy wie de opfolger fan boargemaster Albert de Hoop, dy’t der nei twa terminen fan seis jier mei ophold.

Van Klaveren krige de opdracht om te soargjen foar politike stabiliteit op it eilân. Yn de foargeande jierren wie dat net altiten sa. Neffens de kommissaris is der no wer in konstruktive sfear yn de Amelanner ried.

Meikoarten sil de kommissaris de profylskets ophelje. De ferwachting is dat de nije boargemaster ein dit jier úteinsette kin. Salang bliuwt de hear Van Klaveren oan as waarnimmend boargemaster.

april 18, 2019 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.