In nij Frysk keunstsinnich symboal

april 3, 2019 15:05

Ynstjoerd

Kris Callens, de direkteur fan it Frysk Museum, makket him nochal drok oer in nij Frysk keunstsinnich symboal. Der is in soad oer te dwaan yn de media. Callens sei ûnder mear yn it ynterview yn de LC, dêr’t hy hynders en kij as nasjonaal Frysk symboal yn ôfwiisde: ‘Gebruik je verbeeldingskracht! Doe eens gek! Sense of Place, dat vind ik veel interessanter. Doe een wijf op de dijk. Een paviljoen in zee. Durf!’

Ik haw in hiel dryst idee foar Callens. In monumint dat hast ynternasjonaal en aktueel is en dat tagelyk in utering is fan trije Fryske karaktertrekken, dy’t yn de blokkearaksje by Aldehaske yn novimber 2017 in grutte rol spile hawwe: frijheidsleafde, stegens en barmhertigens. En in monumint dat tagelyk de problematyk fan de saneamde iepen mienskip oanjout. Want wol in iepen mienskip stânhâlde, dan moatte der somtiden grinzen steld wurde. Dat is no krekt itjinge dat der yn novimber 2017 bard is. No woenen de jonges en famkes fan GeenStijl yn novimber in monumintsje pleatste oan de A7 by Aldehaske. Moai idee. Mar it is fierstente beskieden. It is net genôch. Lit ús gean foar it Fryske nasjonale monumint De Blokkearfries (of -Friezin). Omdat dêr op de A7 yn novimber 2017 wat hiel wichtichs bard is, in barren dat hiel Fryslân ferdiele sil, yn it earstoan noch, mar úteinlik ek ferienigje sil.

Kerst Huisman

april 3, 2019 15:05
Skriuw in reaksje

33 opmerkingen

  1. Eddy april 3, 21:07

    Dat de Fryske Beweging fan betinken is dat wy dizze kant út moatte is te tryst foar wurden. Wa sit no op dizze ûnsin te wachtsjen? Wat CH2018 besyket op te bouwen wurdt troch minsken as Kerst Huisman ôfbrutsen. Dat monumint komt der net. In monumint foar Kerst Huisman yn gjin tûzen jier. Oft it moat in monumint wêze fan de lêste djipfries.

  2. Nanne april 3, 23:52

    Bestiet de Fryske Beweging hjoed-de-dei út Kerst Huisman, miene jo, Eddy?

  3. Wopke hugo van der Wal april 4, 00:41

    Fries museum.

    Fansels wer ‘n typisk gefal fan nijmoaderige ynfeksje fan it sa neamde “out of the box” tinken .

    Foaral minsken dy’t regelmjittig yn kontakt komme mei
    keunstners dy’t lést ha fan ynferiority complexen binne hjir fatbar foar.

    It “out of the box” tinken wurdt faaks ek feroarsake
    as jo wurkplak jo dochs te folle benauwend oerkomt,
    dan begjine jo fansels “out of the box” ( jo wurkplak )
    te tinken.
    Klar sil it wéze dat jo nije keunstsinniche tinkwyze ‘n oanrikkemedaasje kin betjsutte foar ‘n takomstig bestjúr.

    W vd W

  4. Eddy april 4, 19:19

    Nanne, is ‘it Nijs’ net in webside fan de Fryske Beweging? Lês ik hjir allegear reaksjes fan minsken fan de Fryske Beweging dy’t sich distansjearre fan it it skriuwen fan Kerst Huisman? De Fryske Beweging hat gjin takomst. Sy libje yn’t ferlyne en sjogge de realiteit net ûnder eagen. Fryslân is in provinsje fan Nederlân. At kening Willem op besite is sjocht it hjir krekt as oeral yn Nederlân swart fan de minsken.

  5. Nanne Hoekstra april 4, 21:29

    It Nijs is in nijsside dy’t mooglik makke wurdt troch de Fryske Beweging, mei aktualiteiten yn it Frysk om de Friezen op in noflike wize te helpen harren taal te ûnderhâlden. Soks is no just wichtich foar de takomst. Ik kin sa net neikomme wêr’t dat botst mei in besite fan de kening. Der is in ûnôfhinklike redaksje dy’t him mei de ynhâld dwaande hâldt. Mar dy is fansels net ferantwurdlik foar ynstjoerde stikken en reaksjes of it ûntbrekken dêrfan. Stjoere jo ek ferwiten nei de Ljouwerter Krante oan it adres fan de NDC Mediagroep oer lêzersbrieven dy’t jo net noaskje, Eddy?

  6. Eddy Drost april 5, 00:35

    At wy it oer de Fryske taal haw is it wol dúdlik dat der in oanfarring west hat tusken de bestjoersleden fan Sis Tsiis. Wêr’t guon it echt om de Fryske taal giet binne der oaren dy’t it net neilitte kinne om der in wat faksistyske kwesje fan te meitsjen. Minsken dy’t sa’t ik al sei yn it ferlyne libje en gjin inkeld realiteitsbesef haw. Dizze minsken meitsje diel út fan de Fryske Beweging. Jo binne der ien fan Nanne?

  7. Kerst Huisman april 5, 08:47

    Bêste Eddy en Eddy Drost, ik nim teminsten oan dat jimme twa ferskillende persoanen binne. Liz my noris út wat der fassistysk oan myn skriuwen en myn idee. En earste Eddy: doch net sa broekskiterich en brûk dyn folle namme. Doch ik ek.

  8. Eddy Drost april 5, 09:05

    Mar it is fierstente beskieden. It is net genôch. Lit ús gean foar it Fryske nasjonale monumint De Blokkearfries (of -Friezin). Omdat dêr op de A7 yn novimber 2017 wat hiel wichtichs bard is, in barren dat hiel Fryslân ferdiele sil, yn it earstoan noch, mar úteinlik ek ferienigje sil.

    Wat is der sa wichtich oan de aksje fan de Blokkearfriezen?
    Nasjonale monumint?
    Minsken meie net demonstrearje?

    Jo dreame mar moai fierder fan it tûzen jierigge Ryk Fryslân.

    Fryslân boppe, Hollân yn ‘e groppe!! Hoera hoera!

    De Fryske Beweging moat sich deaskamje dat sukke teksten as dy fan jo yn ‘t Nijs publisearre wurde. It seit genôch oer de Fryske Beweging. Yesterday news!

  9. Kerst Huisman april 5, 09:34

    Eddy Drost, dan noch mar wer ris myn fraach. Liz my no ris mei arguminten út wat der sa fassistysk is oan myn idee. Ast dan serieus antwurdest, gean ik dêr wol op yn. Krije wy faaks in echte yngeande diskusje, want dat is wol fan belang. Dy pear retoaryske fragen binne gjin bydrage ta sa’n diskusje. Se wize derop dat’st do dy hielendal net yn dy saak ferdjippe hast. Dat is roppen en razen fan it GeenStijl-reaguerderstype.

  10. Eddy Drost april 5, 10:42

    No woenen de jonges en famkes fan GeenStijl yn novimber in monumintsje pleatste oan de A7 by Aldehaske. Moai idee.

    Jo binne oars goed te sprekken oer Geenstijl..

  11. Kerst Huisman april 5, 12:13

    Eddy Drost, doch no net sa stom. Jou no gewoan ris antwurd. Of doarst dat net?

  12. Eddy Drost april 5, 12:42

    Het fascisme is een extreme vorm van autoritair nationalisme.

    It wurdboek.

    Minsken belette in demonstraasje te hâlden is autoritair nasjolisme.
    Boppedat at jo as blanke yn de VS mei Halloween mei in ‘black face’ de doar útgean is dat ‘not done’. Sa wurde in meiwurkster fan in lanlike Omrop dêre untslein.
    Terjochte!
    Minsken as jo roppe hosanna at oaren dy’t sich beroppe op it rjocht (Artikel 9 fan de grûnwet) om te demonstearjen dat yn Fryslân net mooglik makke wurdt en in jier letter bananen nei de holle krije.
    En dan ek noch ris in monumint foar de blokkearfriezen?
    De blokkearfriezen en minsken as jo sille de skiednis yn gean as grutte fassistyske asosjalen.

    Nanne, jo binne fan tinken dat de LC alle reaksjes publisearret? Echt net. Dat de tekst fan Kerst Huisman hjir as haadartikel publisearre is seit genôch oer de Fryske Beweging. Te gek foar wurden.

  13. Abe april 5, 13:24

    Spiker op ‘e kop, Eddy.

  14. Kerst Huisman april 5, 17:29

    Jonges, jonges, wat in drokte. Yn it foarste plak, Eddy, moatst wol adekwaat en feitlik argumintearje. Mei op neat berêstende skellerij ferlegest dy sels ta in nivo, dêr’t net mear normaal te praten falt. En de oare reaguerder, mei him haw ik al op in oar plak ôfweefd yn ferbân mei syn Balkan-avontueren. Mar no ta de saak. Dat ûntslach fan in omropster yn de Feriene Steaten hat hjir neat mei te krijen. Dy bananen, dat fyn ik ek in griis, mar dat wie yn Ljouwert ien Cambuursupporter (en hielendal gjin Blokkearfries) en yn Eindhoven wienen it noch wer oaren. Mar dat kinst en meist do net Jenny Douwes en dy 36 aksjefierders ferwite. Dy stienen dêr totaal bûten. En foar safier’t ik se ken – en ik ken in oantal fan har – fine se dat ek ferskriklik. Se wienen ek hielendal net tsjin de demonstraasjefrijheid fan KOZP, lykas se fuort nei dy aksje al mei in aardich filmke sjen litten ha, mar dêr silst wol hielendal neat fan meikrigen hawwe. It gyng har der allinnich om dat se hiel bot ynsieten oer wat dêr yn Dokkum barre koe as KOZP de hiele rûte fan Sinterklaas del by dy lytse bern del mochten hie. Want dat wie de bedoeling. Wy witte al sûnt in jier of acht, dat lanlike Sinterklaasyntochten, fanwege it omstriden karakter fan Swarte Pyt, aksjegroepen fan beide ekstreme kanten oanlûke kinne. Beide soarten aksjegroepen, sawol KOZP as de rjochtse ekstremisten, wurde kenmerke troch in soarte fan gefaarlik radikalisme dat ta grutte ûngelokken liede kin, as se yn in mannichte slaande deils reitsje. Dan is de eangst foar deade bern, dy’t benammen Jenny Douwes (sels in mem mei in jonkje fan doe noch gjin trije) hie, gjin nachtmerje mear, mar reëel.

    En dan oer dat fassisme. Hiest yn it foarste plak de definyje fan fassisme folslein werjaan moatten. Sjoen dyn formulearring tink ik, dat’st it fluch efkes fan wikipedia helle hast. Dêr stiet: ‘Het fascisme is een extreme vorm van autoritair nationalisme en is antidemocratisch, anticommunistisch, antiliberaal, antiparlementair en anti-intellectueel’. Dat hie der fansels wol by moatten. Boppedat is de útsprutsen foarkar foar de sterke steat ek in skaaimark fan it fassisme. Do kinst net alles dêr’st it net mei iens bist, samar beflappe ûnder fassisme. It kritykleas omearmjen fan wat justysje – it juridyske swurd fan de steat – yn dizze saak broud hat rûkt foar my ek wol wat nei fassistysk tinkguod, mar dat argumint brûk ik net tsjin dy. Moatst do it ek net dwaan tsjin my. Dat myn ideeën oer politike autonomy foar Fryslân eat mei fassisme te krijen hawwe soene, dat is sa’n ûnsin. Ik tink dat´st do noait wat fan my lêzen hast dêroer. Hâld dochs op man!
    O ja, dat artikel 9 fan de grûnwet. Dat soest dochs ris efkes goed lêze moatte. Yn dat artikel stiet: Het recht tot vergadering en betoging wordt erkend, behoudens ieders verantwoordelijkheid volgens de wet. Mar dan: De wet kan regels stellen ter bescherming van de gezondheid, in het belang van het verkeer en ter bestrijding of voorkoming van wanordelijkheden. Dat lêste sloech boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel hiel lang gjin acht op. Oant de berjochten fan de aksje op de A7 Dokkum en de risikotrijehoek dêr berikten. Doe draaide se as in blêd oan de beam om en ferbea alle demonstraasjes by de Sinterklaasyntocht. En dat wie in wiis beslút, mar wol hiel let. Mar soe dat sunder dy aksje op de A7 ek bard weze? Ik bin bang fan net. Efterôf hat frou Berndsen, in hege polysjefunksjonaris, dat ek in ferstannich beslút neamd.

  15. Eddy Drost april 5, 17:59

    O ja, dat artikel 9 fan de grûnwet. Dat soest dochs ris efkes goed lêze moatte. Yn dat artikel stiet: Het recht tot vergadering en betoging wordt erkend, behoudens ieders verantwoordelijkheid volgens de wet. Mar dan: De wet kan regels stellen ter bescherming van de gezondheid, in het belang van het verkeer en ter bestrijding of voorkoming van wanordelijkheden.

    Wat eamelje jo dan oer Jenny Douwes en konsorten?

    Fannemiddei haw ik in lape tekst fan Friduwih Riemersma op Fers2 lêzen en ik wol my dêr graach by oanslute. Fierder noch kommentaar leverje op wat jo skriuwe is net nedich.
    Op dizze side mei de nasjonale adder ûnder it gêrs hearre minsken as ik net thús. In soad sukses mei jo Selsbestjoer foar Fryslân.

  16. Kerst Huisman april 5, 19:50

    Tankewol. Mar dat, Eddy Drost, is wer de bekende bangbroekehâlding fan Friezen, dy’t harsels (mar dan ek allinnich hja) sjogge as de woltinkende elite, mar ûndertusken te benaud binne om ien stap fansiden te dwaan. Ik bin dwaande mei in boekje oer jimme soarte folk. Derby binne net sasear de minsken ynteressant, mar wol de mieningen. Ik haw derom ek dizze hiele ‘diskusje’ opslein. Dêrom bin ik dy wol erkentlik foar dyn kreauwerij en eamelderij. Kin ik hiel goed brûke.

  17. Eddy Drost april 5, 20:40

    Dat ‘soarte folk’ as ik binne der mear as jo soarte skriemers.

    Ach, ien ding kinne jo ek noch wol yn’t boekje skriuwe. Jo binne it iens mei de swarten.

    Leafer dea as slaaf!

    No kinne jo ek noch wat skriuwe. Minsken as jo wolle graach it lêste wurd haw. Oars kinne sy net sliepe.

  18. Nanne april 6, 09:32

    Haadartikels hat It Nijs hielendal net, Drost. Ferlykbere stikken as dy fan Huisman ha ek op de opinyside fan de Ljouwerter stien. Dat wol fansels net sizze dat de redaksje of de hiele Fryske Beweging der krekt itselde oer tinkt. As jo It Nijs folgje, ha jo sjoen dat der likefolle romte is foar hiele oare mienings. Lykas foar dy fan jo hjirboppe.

    Persoanlik tink ik dat de Blokkearfriezen gewoan in boete krije moatte hienen. Dy hienen se ek wol krige as der gjin jild ynsammele wie sadat it gjin straf mear wie. Aksje = -Reaksje.

    Fierders tink ik dat it skoppen tsjin Swarte Pyt oan gjin sier helpt tsjin diskiriminaasje mar dat it wol oalje op it fjoer is fan de populistyske beweging. Lykas ik hjir ferdúts: https://www.itnijs.frl/2017/12/it-underlizzend-lijen-by-de-reboelje-om-swarte-pyt/.

    En ik tink dat it net folle doel hat om ús te bekroadzjen om in erfskuld troch it oanpart fan ús foarâlden yn de slavernij. Yn plak fan ús tiid dêr oan te fergriemen, moatte we ús enerzjy stekke yn it rêden fan it klimaat om noch te besykjen foar te kommen dat ús neiteam ús skielk ferwiten makket.

  19. Cor Jousma april 6, 11:06

    Bêste Drost, bêste Huisman

    Skiednis wurdt neitiid opskreaun.

    By Slochteren stiet oan de grutte dyk in monumint foar de gaswinning. In stilistysk gasmolekule.

    No’t wy witte fan de ellinde fan de Grinzers, soene wy dat miskien net mear sa dwaan.

    In medalje hat sa faak twa kanten…

  20. Eddy Drost april 6, 14:20

    Wy blanken ha net folle rjocht fan sprekken as it oer Swarte Piet giet. Wêr’t it my om giet yn myn reaksjes op Huisman is dat it oare minsken net mooglik makke wurdt om te demonstearjen en dat hy dan letter ek nochris mei in sneu ferhaal komt oer it beskermjen fan de bêrn? Dat Huisman dizze finaal yllegale aksje ek nochris sjocht as in kantelpunt foar Fryslan oangeande de takomst fan Fryslân is te gek foar wurden. Gjin inkeld realiteitsbesef. Wy Hollanners sizze dan ‘de wens is de vader van de gedachte’.
    It slimste is noch dat Huisman net allinich stiet yn syn tinken. Yn ‘e Fryske Beweging binne der noch folle mear dy’t dreame fan in provinsje mei selsbestjoer. It sil net heve. Wol om in stien stean en roppe ‘Leaver dea as slaaf’ en oare minsken dy’t as slaven ferhannele binne net it rjocht jaan om te demonstearjen? It wurd ‘hypokryt’ sjit te koart. It is in skandaal. ‘Ja, roppe jimme no, sjochst wol it is in Hollanner!’ No, ik haw it bêste mei de provinsje en de Fryske taal foar. Klik mar even op dizze link
    http://eddydrost.blogspot.com/2017/01/agnes-sambrink-fryslan-myn-fryslan.html

  21. Koos Tiemersma april 6, 19:55

    It komt my foar dat de meast effisjinte manier om de Blokkearfries te ridikulisearjen is him te ferivigjen yn in byld dat net óp, mar njónken de A7 stiet.

  22. Cor Jousma april 7, 12:26

    [[Yn ‘e Fryske Beweging binne der noch folle mear dy’t dreame fan in provinsje mei selsbestjoer.]]

    De Fryske Beweging bestiet net soe ús Keninginne wol sizze. It ferskaat oan Friezen dat him ynset hat en it hjoed-de-dei noch docht, is sa grut dat jo dy net beflappe kinne ûnder ien of twa ideeën dêr’t guon Friezen fan dreame.

    Ut soarte bestiet de Fryske Beweging – binnen en bûten ferbân – út minsken dy’t om reden fan hokker dream dan ek yn beweging komme foar it Frysk en somtiden foar it Frysk wêzen.

    Dreame is fan alle tiden. Lokkigernôch bliuwt it meastentiids by dreamen…

  23. Kerst Huisman april 7, 13:16

    Tiemersma, Jo binne wer braaf, braver, braafst. Ik haw hielendal net tocht oan de A7, mar pal by it Gerjochtsgebou oan de ferfeelsume kant fan it Saailân, as, en no pesiflearje ik Jo, ‘de meast effisjinte manier om Justysje de gek oan te stekken’.

  24. Eddy Drost april 8, 10:14

    @Cor.
    Dat de Fryske Beweging sich ynset foar de Fryske taal en Fryslân is neat mis mei. Fansels net, mar de reboelje yn Sis Tsiis jout persys oan wat der yn myn eagen wol fout giet yn de Fryske Beweging en dat is de promoasje fan de Fryske taal koppeljen oan’t gedachteguod fan in generaasje Fryske nasjonalistyske turfstekkers dy’t al mei acht teannen yn’t grêf stean.
    De takomst fan Fryslân leit net yn’t ferline. Fryslân moat fierder. Sa no en dan achterom sjen kin gjin kwea, mar allinich troch foarút te sjen kinne jo it paad fine dat foar jo leit.

  25. Kerst Huisman april 8, 10:44

    De diskusje seurt hjir wat fierder, krekt as op it ynternetkrantsje Fers2 mei twa redakteuren en ek mar in hânfol lêzers (hoefolle soenen it der wêze, fiif, seis?) mar giet op Faceboek al wer fleurich fierder. Dêr is folle mear libben yn de brouwerij as hjirre, en der is ek folle mear belangstelling. En sa moat it ek. Ik wol it jimme allinnich mar efkes trochjaan, hear. Miskien wurde jimme ris wekker. Sjoch mar: ‘Wit ik ek wol, fansels Atte Houtsma. Ik tink dat de measte Friezen wol foar dy ko binne. Mar it gyng my derom yn It Nijs diskusje los te meitsjen mei in ûnderwerp, dat guon fiertente kontroversieel fine. Ik hie gelyk: der wie wer in spitsboarger, fansels o sa polikor, dy’t myn stik oer de blokkearfries as monumint ferbiede woe. Mar sokken hawwe net troch dat de saak fan ús taal krekt libbet as der ek kommoasje is. Dêr komme de lju op ôf, en krije se niget oan it Frysk. Mar sokken tinke dat alles braver as braaf wêze moat. No, en dat is no krekt de neil oan de deakiste fan it Frysk. It is o sa spitich dat dit skoandere inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging – want in Frysktalige ynternetkrante, geweldich dochs – wat op de eftergrûn bliuwt. It leit oan de saken dy’t derop set wurde, en ik tocht der in bydrage oan te leverjen dat der ris wat libben yn de brouwerij komt. Dy niisneamde spitsboarger – ik neam him hjir net, sjoch dat sels mar nei by It Nijs – docht my tinken oan al dy kwezels dy´t destiids fûnen, dat seks mei al syn moaie en tsjustere kanten net hearde yn in Frysk boek. Dêr wie it Frysk te goed foar, no. Do kenst de arguminten ek.’

  26. RobMokum april 8, 13:01

    Eddy, hokker demonstrant wie as slaaf ferhannele (6-4/14:20)? Friezen meie net tefolle nei it ferline sjen neffens dy, mar wêrom meie dy demonstranten harren dan wol blinstoarje op it slavernyferline fan generaasjes werom….?

  27. Cor Jousma april 8, 13:27

    Bêste Drost,

    Jo byld fan it eksplodearjen fan Sis Tsiis is my te iensidich. Om’t wy it idee fan Sis Tsiis te goed fûnen om wei, hat de sis mar twadde skyl om Sis Tsiis hinne ferline jier de koppen byelkoar stutsen en de saak wer op poaten set. Hoe’t dy trije earste mannen mei-elkoar dy earste demonstraasje foarinoar krigen hawwe, is my in grut riedsel. Dy trije karakters pasten inoar hielendal net. Mar hulde. Soks hie benammen mei de karakters te krijen en net mei de tinkwize fan de iene of de oare. Sels doch ik op de eftergrûn al sa’n tweintich jier mei yn it Fryske wrâldsje, dan witte jo stadichoan wol hoe’t de hazzen rinne.

    Dan noch it punt fan ‘black face’. Krekt as mysels skat it jo yn oan de linkerkant fan it politike spektrum. De leuze ‘Swarte Pyt is diskriminaasje’ is tige knap fûn. Hy is wier net minder as ‘Frysk is in bernerjocht’. De hiele linkerkant yn ‘e ferdigening, iksels ek. Mar as wy lêze en nochris lêze, dan hawwe black face en swarte pyt likefolle mei-elkoar te krijen as de foute begripen Eskimo en neger. Ik bin der fan oertsjûge dat binnen KOZP der ek wol minsken binne dy’t soks witte. En dan sjogge jo dat de grins tusken demonstrearjen en minsken bewust tsjinelkoar opsette wier net sa dúdlik is…

    KOZP hat syn punt al in tal jierren makke en no hawwe de Blokkearfriezen soks ek in kear dien. It wurdt no ris tiid om troch lêzen ús te ferdjipjen en net op ferkearde grûnen tradysjes ôf te brekken…

  28. Eddy Drost april 8, 13:41

    Bêste Rob,

    ‘Leafer dea as slaaf.’

    Dêr wurdt wol mei sein dat ‘slaaf’ it slimste is wat ien oerkomme kin.
    De swarten binne mei miljoenen as slaaf út Afrika wei helle.
    No sizze minsken as Huisman dat fan oarsprong Afrikanen net demonstrearje meie om harren gefoel fan unglykens te uterjen en dat dan ek noch ris de blokkearaksje typearjet as it symboal foar it nije Fryslân.
    En dat wolle jo rjocht breidzje?
    Hypokryt!!

    Binne de Friezen hjoed-de-dei noch de blanke Piet fan de Hollanners?

    Wy moatte ús sels ek noch ris ôffreegje oft de Fryske Beweging net in bedriging foar de Fryske taal is? Dizze nasjonalistyske organisaasje draait de Fryske taal miskien wol de nekke om. De Fryske Beweging ropt aversje op mei it publisearje fan teksten as dy fan Huisman!! Útsein de djipfriezen sit net ien dêr op te wachtsjen. Gjin wûnder dat de side hast net lêzen wurdt.

    Mar ik haw der no genôch oer skreun. It oantal sitten fan de FNP yn Deputearre Steaten jout wol oan hoefolle Friezen der noch achterom sjogge. Jimme dreame mar moai fierder!

  29. RobMokum april 8, 14:34

    Moai betoach, Eddy. In soad wurden mar folslein gjin antwurd op myn koarte fraach. Da’s dan wer spitich. En nuver datst’ seist dat blanken gjin rjocht fan sprekken hawwe mbt SP. Dat komt op my no krekt oer in foarm fan rasisme. Dy “swarten” meie wol Afrikaanske woartels hawwe mar binne dat al generaasjes net mear. Op dizze wize nimme sy allinnich mar ôfstân fan de rest fan’e mienskip. As ik krekt sa mei myn blanke komóf dwaande wèze soe soe ik in nazi neamd wurde.

  30. Kerst Huisman april 8, 15:00

    Dit wie dus it twadde ofskied al wer fan hear Sweef. Alllegearre grutte wurden, wier en foaral ek net wier. Mar hy komt grif noch wol werom. Want hy wol ommers dochs altiten it leste wurd hawwe.

  31. V.I. Oeljanov april 8, 16:32

    Goed ôfweefd mei dy hollânske agitpropper!

  32. Kerst Huisman april 10, 15:48

    ‘De Fryske Beweging ropt aversje op mei it publisearje fan teksten as dy fan Huisman!! Útsein de djipfriezen sit net ien dêr op te wachtsjen. Gjin wûnder dat de side hast net lêzen wurdt’.
    Sa skriuwt de man hjirboppe fan wa’t ik de namme net mear neame wol. Mar wy hawwe hjirre, mei tank oan myn stikje, al wer mear as 30 reaksjes. Dat is dochs wol moai foar It Nijs, de ynternetkrante dy’t ik fan herten alle goeds tawinskje. Dus kom der no mar wer yn. Want sa’t ik sei: it Frysk libbet by kommoasje en kabaal en net by de deadske stilte fan it tsjerkhôf. Dêrom: Op Friezen op, der falt foar ‘t rjocht te striden, kom bliuw no net fan fierren stean. Der wurdt jim krektlyk as yn âlde tiden, de kar tusken rjocht en ûnrjocht bean. Kom dan oerein en smyt it ûnrjocht omfier, foar Jenny te striden falt Friezen net swier (twaris). Nei in lytse frije bewurking fan de tekst fan de sosjalist Tsjeard Stienstra, bekend út de film ‘De dream’ en op de wize fan it ‘Frysk bloed tsjoch op’. https://www.youtube.com/watch?v=ZTbpbUMlVPI

  33. Erwin2.0 april 11, 09:29

    @Eddy, oan dyn teksten te lêzen libbesto noch yn in âlde wrâld, wylst jo josels behoarlik progressyf lykje te finen. Om 1900 hinne wie Fryslân ien fan de tolve provinsjes en it Nederlânsk wie de taal fan de steat. Fryslân soe him no as autonoom lân hâlde en drage moatte, de befolking is dêr miskien noch net klear foar, mar dy is ek wol hiel bot yndoktrinearre. En wat de taal oanbelanget…. Tsjintwurdich leare wy gelokkich ek Ingelsk en ien as twa oare frjemde talen…. Dêrneist jouwe wy yn Europa ek omtinken oan ús minderheidstalen. Dy kant geane wy út, yn dat ramt fertsjinnet it kultureel eigene seker in plakje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.