In jûn mei Ruud van Empel yn Museum Belvédère

april 9, 2019 08:28

Tongersdei 11 april, oanfang 20.00 oere

Ruud van Empel – Floresta Negra (foto: Museum Belvédère)

De eksposysje Making nature fan Ruud van Empel (1958) is noch oant en mei 26 maaie te sjen yn Museum Belvédère. It wurk fan de keunstner bestiet út soarchfâldich komponearre ‘kompjûterkollaazjes’ dêr’t beammen, planten en blommen fan in gloedfolle skientme yn binne. De fotograaf makket gebrûk fan in sels ûntwikkele digitale kollaazjetechnyk en wurket mei in database fan mear as 50.000 eigen foto’s. Minsken komme yn de wurken op de útstalling, yn tsjinstelling ta syn oare wurk, net foar.

Op tongersdei 11 april is Van Empel te gast yn Museum Belvédère op in spesjale jûn foar publyk. Hy wurdt dan ynterviewd troch direkteur-konservator Han Steenbruggen. Jos Ruijs sil ek oan it wurd komme. Hy is in samler fan it wurk fan Van Empel en ljochtet net allinnich syn fotokollaazjes ta, mar sil ek it sammeljen fan keunst yn in bredere kontekst pleatse. Yn it skoft en nei ôfrin is der gelegenheid om de útstalling Making nature te besjen. De yllustrearre katalogus is dy jûns mei 10% koarting te keap. De keunstner sil op fersyk sinjearje.

De yntree is fyftjin euro, museumyntree en kofje/tee ynbegrepen. Freonen fan it museum betelje tsien euro. De jûns oan de kassa te foldwaan. Jo kinne je oanmelde troch in mail te stjoeren nei info@museumbelvedere.nl of troch te skiljen mei 0513 – 644999 yn de iepeningstiden fan it museum.

Sjoch op www.museumbelvedere.nl foar mear ynformaasje.

april 9, 2019 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.