In grut drama yn Sint-Jabik

april 20, 2019 13:47

Foto: Pixabay

De brân dy’t de Notre Dame yn Parys foar in part ferrinnewearre hat, krige fan ‘t wike alle omtinken yn it nijs. In oare brân kaam dêrtroch oan ‘e krapperein: dy yn Sint-Jabik.

It Biltdoarp is slim teliderslein. Tiisdei baarnde in boerespul dêr del. Dêr soarge Anneke de Groot foar bern dy’t gjin thús mear hiene. Yn ’e rin fan ’e jierren hawwe tritich bern der in thús fûn. Op it stuit fan ’e brân wennen noch fjirtjin bern by frou De Groot.

Yn Sint-Jabik wurdt Anneke de Groot ‘de mem fan it doarp’ neamd. Har pleechbern neame har ek allegear ‘mem’. Hja begûn jierren lyn mei de soarch foar twa dakleaze bern fan in jier of seis âld. Der kamen hieltiten mear bern by. Frou De Groot kocht de pleats, dy’t dêrfoar as bibleteek yn gebrûk west hie. Se boude him om ta in wenstee mei eigen keamers foar alle bern.

It doarp hat fuortendaliks help oanbean. Der binne in soad klean en boartersguod foar de jeugd ynsammele. Der is ek al mear trettjintûzen euro garre. Frou De Groot en har pleechbern koene tydlik ûnder dak yn Ingelum. Hja sykje no wenplak.

Wa’t Anneke de Groot en har pleechbern stypje wol, kin dat dwaan fia dit webstee: https://www.doneeractie.nl/boerderij-sint-jacobiparochie/-35460

april 20, 2019 13:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.