Hieltyd mear bern groeie yn earmoede op

april 12, 2019 10:19

Minsken mei in smelle beurs kinne fia kindpakket.nl in fergoeding oanfreegje as harren bern oars net meidwaan kinne oan sport, muzykles of in skoalreiske. Dêr is yn 2018 folle mear gebrûk fan makke as it jier dêrfoar. Mei goed 17.000 oanfragen út Fryslân wei lei dat 37 persint heger as it jier dêrfoar. Neffens Dennis Roskam fan Kindpakket.nl groeie der noch hieltyd te folle bern yn earmoede op. “Wy wurde hieltyd populêrder, mar dat is fansels tige spitich.”

De organisaasje Kindpakket.nl wurket yn Fryslân nau gear mei de tweintich gemeenten en in grut tal fûnsen lykas Jarige Job, Kinderhulp en Jeugdfonds Sport & Cultuur. De measte oanfragen (10.440) kamen foar rekken fan de Stichting Leergeld.

april 12, 2019 10:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.