Het Uur van de Wolf oer Armando

april 17, 2019 10:41

Het voorval – Armando en de mythe; útstjoering tongersdei 9 maaie 2019, 22.55 oere by de NTR op NPO 2

Jins libben wurdt foarme troch wat der bart yn jins jonge jierren, sei keunstner Armando. Syn jeugd stiet yn it teken fan ien, allesbepalend foarfal: yn de Twadde Wrâldoarloch deadet in jonge yn de bosk in Dútske soldaat.

Armando (1929-2018) (foto: NTR)

It ferhaal komt yn Armando’s wurk yn in protte foarmen werom; in needlottich treffen, in slachtoffer dy’t dieder wurdt, in skuldige bosk dy’t alles seach mar swijt. Wie Armando belutsen by it needlottich barren of hat er in trageedzje fan mytologyske proporsjes betocht? Yn de dokumintêre Het Voorval – Armando en de mythe gean filmmakkers Sjors Swierstra en Roelof Jan Minneboo op syk nei antwurden.

De dokumintêre folget it lêste haadstik yn it libben en it wurk fan ien fan Nederlânsk wichtichste nei-oarlochske keunstners. De makkers litte sjen dat keunstner en wurk byinoar komme yn in fassinearjend gesamtkeunstwurk oer trauma, skuld en oantinkens.

Regisseurs: Sjors Swierstra en Roelof Jan Minneboo
Produsint: Memphis Film & Television – Cécile van Eijk & Sherman De Jesus

april 17, 2019 10:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.