HBO-IT Talents Program bringt jong talint en ICT-bedriuwen byinoar

april 28, 2019 09:03

In protte jonge IT’ers barste fan it talint, mar hawwe it dochs dreech om in passende baan te finen. As se fan it mbû komme, misse se beskate feardichheden dy’t wurkjouwers freegje. It HBO-IT Talents Program fan Brainconsultant slacht in brêge mei in wurk-leartrajekt dat foar beide partijen oantreklik is. De jonge IT’ers hoege net in protte te ynvestearjen en ek net nochris fjouwer jier yn de skoalbanken, mar krije wol in folweardich hbû-diploma. Wurkjouwers bine talint mei foarming yn de praktyk dy’t oanslút op de frege feardichheden.

Foto: pixabay.com

“De ûnderfining leart dat ôfstudearre mbû-IT’ers it dreech hawwe mei in finen fan in gaadlike baan”, fertelt direkteur Marc Ligeon fan in inisjatyfnimmer Brainconsultant ICT en Marketing. “Bedriuwen wolle inkeld hbû’ers en wû’ers, wylst in protte mbû-talinten sunder twivel it frege nivo hawwe. Mei ús HBO-IT Talents Program bringe wy de fraach nei hbû-fakspesjalisten tichterby it oanbod fan talint. Better benutte fan it beskikbere potinsjeel, dat is ús doel.”

Yn de skoalbanken
Foar in protte ôfstudearre mbû’ers is in oanslutende hbû-oplieding gjin opsje. In protte sjogge it net sitten om nochris fjouwer jier yn de skoalbanken te sitten. Mei it HBO-IT Talents Program gean se ien dei yn ’e wike nei skoalle en fjouwer dagen oan it wurk. Hja fertsjinje in salaris en krije de opliedingskosten fergoede, wat de finansjele helberens fan de ferfolchoplieding gâns grutter makket. Boppedat krije se in rydlespakket.

Hja wurkje by in goede wurkjouwer, sadat se de kennis dy’t se op it mbû opdiene, alle dagen yn ’e praktyk tapasse, ferbreedzje en ferdjipje kinne. Fierder fine mbû’ers faak ûnfoldwaande oansluting op it hbû. De wurkûnderfining dy’t yn dizze hbû-oplieding opdien wurdt, makket dat hiaat ticht. Yn septimber ferline jier gie as pilot de earste lichting fan trije learingen oan ’e slach. It proefprojekt is slagge, sadat it HBO-IT Talents Programma kriget.

Coaching
De dielnimmers krije har hbû-oplieding oan ien fan de Noardlike hegeskoallen, lykas NHL Stenden, Windesheim of de Hanzehegeskoallen. Yn dy fjouwerjierrige dieltiidoplieding – dy’t se by súkses ôfslute mei in folweardich hbû-diploma – krije se yngreven coaching fan Brainconsultant. Hja wurkje oan in persoanlik ûntwikkelingsplan, krije stúdzjebegelieding en dogge mei oan ynterfyzjesesjes. “Us coaching begjint al by de seleksje”, fertelt Ligeon, dy’t fan septimber ôf tsien plakken beskikber hat dêr’t er noch studinten én wurkjouwers foar siket: “Fjouwer dagen wurkje plus in oplieding op hbû-nivo, dat freget wol wat fan jin. Freewheele is der net by, wy selektearje inkeld studinten dy’t it talint én de motivaasje hawwe om fakspesjalisten te wurden.”

Sjoch foar mear ynformaasje oer it hbû-IT Talents Program op www.hboittalents.nl.

april 28, 2019 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.