Harmonie Weidum siket Maten

april 18, 2019 09:53

Yn Weidum siket muzykferiening Harmonie Weidum e.o. om maten. En nee, gjin slochtweihinne fjouwerkwartsmaten, mar in groep freonen mei hert foar muzyk. In nagelnije donateursaksje moat derfoar soargje dat de muzykferiening út it terpdoarpke in part fan it finansjele gat, ûntstien nei de gemeentlike weryndielingen, struktureel opfolje kin.

Febrewaris 1898
Njoggen Weidumers fine, it moat mar wêze. Ferskate doarpen yn ’e omkriten hawwe al in muzykkorps, Weidum moat ek in fanfare ha. Der giet in list by de doarren lâns en dan; “Heeft men alreeds over den som van ƒ 95,- te beschikken. Algemeen was men van oordeel dat de financiële bezwaren genoegzaam waren uit den weg geruimd zodat tot oprichting werd besloten”, sa stie it mei moaie krulletters yn it earste út in rige fan in lytse tweintich notuleskriften. It earste bestjoer wurdt keazen: de hearen P. Boonstra, S. Radelaar, J. Vos en TH. Boersma. Dat wie it begjin.

Topper
Syn dielnimmen oan it OMF-projekt (Organisatie van Muziekverenigingen Fryslân) ‘Van Krimp naar Groei’ is foar de feriening in kâns om yn kontakt te kommen mei in protte oare ferieningen en professionals. Yn it ramt fan dat projekt is de Weidumer feriening yndield by de Toppers. Hjoed-de-dei bestiet Harmonie Weidum út in malletband en in fanfare en libbet er as in hert.

Mei de gemeentlike weryndieling binne der ferskate saken feroare. Sa ek foar de muzykferiening: “De jierlikse gemeentlike subsydzje fan gemeente Littenseradiel kaam te ferfallen en it doarpsbudzjet fan gemeente Ljouwert waard ynfierd. Dat is in moaie stimulâns om it doarpslibben yn de breedste sin te stypjen, eat wat wy as feriening bot wurdearje kinne. Tagelyk hâldt it foar ús as muzykferiening yn dat der binnen no en twa jier in flink gat yn ús begrutting ûntstiet,” ljochtet foarsittter Janneke de Boer ta.

Maat fan ’e Muzyk
Njonken it dielnimmen oan it projekt ‘Van Krimp naar Groei’ wurket de feriening op ferskate mêden oan syn takomst. Kommisjes wurde oprjochte, plannen makke en it bysûndere temakonsert Oare Fyzje SjongFestival is kommendeweis. Dêrnjonken ropt de feriening, om syn ambysjes wiermeitsje te kinnen, mateploech Maat fan ’e Muzyk yn it libben: In freoneploech mei hert foar de muzyk.

“Minsken kinne in maat-skip mei ús oangean troch jild yn de pot te dwaan en op dy wize Maat fan ’e Muzyk wurde. It maat-skip smyt ús maten ek foardiel op; koarting op tagongskaarten, in lyts aardichheidsje en sy meitsje mei mar leafst 20% koarting gebrûk fan ús spesjale ferrassingsaubadetsjinst. Dy spilet by jubilea, Sara’s & Abrahammen, brulloften en oare unike barrens. Fansels op betingst dat ús muzikanten ynsetber binne. Oanfragen wurde mei de grutste diskreesje behannele,” grapket De Boer der efteroan en heakket der grutsk oan ta: “Wy binne o sa tankber foar de stipe út de mienskip om ús hinne. De muzykferiening hat in trouwe efterban. Dêr binne wy tige wiis mei!”

Wa’t mear witte wol fynt ynformaasje op www.harmonieweidum.nl.

april 18, 2019 09:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.