Grutte solo-eksposysje Ad Arma yn Snits

april 17, 2019 09:04

De nije eksposysje fan Galery Bax Kunst yn Snits is in grut projekt te neamen. De gearwurking mei de lanlik bekende keunstner Ad Arma kriget wer nije foarmen: der is in eksposysje ynrjochte op trije lokaasjes yn Snits.

Wurk fan Ad Arma út 2019 (foto: Bax Kunst)

De keunstner
Ad Arma waard berne yn Rotterdam (1954) en die syn oplieding op Artibus, akademy foar de byldzjende keunsten yn Utert (1974-1979). Arma is in mearsidich keunstner. Neist syn grafysk wurk makket er ek brûnzen en glêsskulptueren, gûasjes, oaljeferve doeken en keramysk wurk.

De ûnderlizzende gedachte yn in protte fan syn wurk is it besef dat alles ien is, gearhinget. De tinne skiedsline tusken dream en werklikheid, de fergonklikens, romte en neatigens, ferjitnis. Mar wichtiger as de bedoeling dy’t de keunstner mei syn wurk hat, fynt er de fyzje fan de keunstsjogger. “De mearwearde, de geast fan it wurk, is de tafoeging dy’t de beskôger yn it wurk projektearje sil.”

Yn de rin fan de jierren hat Ad Arma in tige grut oantal útstallings en projekten fersoarge mei as hichtepunt oant no ta it winnen fan de prestisjeuze Keunstner fan it Jier-ferkiezing yn 2007.

Trije lokaasjes
Arma makket sûnt de simmer fan 2018 alle dagen nije etsen. De titels fariearje fan ‘Reisbrief’ oant ‘About Music’. Net hielendal tafallich titels dy’t te krijen hawwe mei wat de keunstner ûnderweis sjocht en meimakket. Dy en oare fan syn nijste wurken wurde presintearre op trije lokaasjes yn Snits: Galery Bax Kunst, it Keunstesintrum Atrium en Teater Snits. Alle lokaasjes binne fergees tagonklik en lizze op rinôfstân faninoar.

De eksposysje duorret oant en mei 25 maaie 2019.

Sjoch ek op baxkunst.nl of facebook.com/baxkunst.

april 17, 2019 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.