Grieteke Schama kin it bêste Frysk skriuwe

april 16, 2019 22:04

Grieteke Schrama fan basisskoalle Mooitaki yn Bitgummole hat tiisdei it Lyts Frysk Diktee wûn. Dat waard hâlden op it Provinsjehûs yn Ljouwert. It Lyts Frysk Diktee is foar learlingen út de groepen 8 fan de basisskoalle. Trijehûndert learlingen ha meidien oan de foarwedstriden en de bêste 23 krigen tiisdeitemiddei it diktee foarlêzen troch skriuwster Lida Dykstra.

Grieteke hie sechstjin flaters. “Der sieten wol hiele drege wurden yn. Lykas Alvestêdetocht of prachtich of korrizjearje. Je moatte bern út groep 8 net ûnderskatte”, fertelt Lida Dykstra.

Tekst: Omrop Fryslân

april 16, 2019 22:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.