Greidefûgels en dongynjeksjemasinen

april 7, 2019 12:14

Ynstjoerd

It is bekend dat it min giet mei de greidefûgels lykas ljippen en skriezen. Dat hat ûnderskate oarsaken lykas predatoaren, de lege wetterstân, it gebrek oan ynsekten en it moderne boerereau, dat de aaien en de jonge piken rampoai rydt. Wat it lêste oanbelanget is neffens my de dongynjeksjemasine de slimste dieder. Dy masinen ynjektearje de jarre yn de grûn. Dêr ûntsteane djippe rillen by. Dat is om tefoaren te kommen dat ammoniak yn de atmosfear komt, ien fan de oarsaken fan soere rein troch de omsetting yn salpetersoer.

Oft dongynjeksje echt wurket is nammers de fraach, de mieningen ferskille deroer. Mar as it wol wurket, is it faaks relevant foar it miljeu yn gebieten mei in dongoerskot lykas Brabân, mar yn Fryslân mei mear rûge dong spilet dat amper. Foar it libben op it lân is dongynjeksje lykwols deadlik, neat ûntsjend wurdt troch dy masinen oan alle libben yn de greide in ein makke.

En hokker fûgel wol noch aaien lizze yn in stjonkende greide, fersêde fan ammoniak? Allinnich seemokken profitearje derfan. De oerlêst fan ammoniak is it gefolch fan it yntinsive buorkjen, it rêden fan de greidfûgel is in ekstra reden om de bioyndustry yn ús lân tebek te kringen. Nammers, los fan de fûgels binne de kolossale dongynjeksje mûnsters in gefaar op de dyk foar fytsers troch de romte dy’t se beslane. Ferbiede dizze ûndingen!

 

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

april 7, 2019 12:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.