Govert nei de grinzen fan it hielal

april 27, 2019 09:35

Utstjoerings: tiisdeis 14 maaie o/m 18 juny om 21.10 oere op NPO 2 (seis ôfleveringen)

Hoe kinne wy ús beskermje tsjin kosmyske ynslaggen? Sille wy ea op Mars wenje? Bestiet der bûtenierdsk libben? Hoe is it hielal ûntstien? En komme de atomen yn ús lichem echt út de stjerren?

Govert by de Meteor Crater yn Arizona (byld: NTR)

Fyftich jier nei Apollo 11 nimt Govert Schilling ús mei op in fassinearjende reis by in stikmannich astronomyske hichtepunten lâns sûnt dy earste stap op de moanne fan Neil Armstrong. Op dy histoaryske 21e july 1969 wie Govert tolve jier âld, en sûnt dat magyske momint is er hielendal ferslingere oan de kosmos.

Earste eigen telefyzjesearje
As wittenskipssjoernalist dielt Govert syn passy foar it hielal al desennialang yn syn boeken, artikels en media-optredens. Mar no foar it earst yn syn ‘eigen’ seisdielige telefyzjesearje. Op spektakulêre lokaasjes giet er op syk nei it plak fan de minske yn romte en tiid en siket er út wat de takomst foar ús bringe sil.

De neilittenskip fan de moannelâning
De earste bemanne moannelâning wie neffens in protte minsken ít barren fan de foarige iuw. En hjoed-de-dei noch hieltyd aktueel as ynspiraasjeboarne foar wittenskippers dy’t de grinzen opsykje en ferlizze yn de fierdere ferkenning fan it universum. De neilittenskip fan de moannelâning klinkt troch yn de ambysjes foar de 21e iuw. Der stean projekten op priemmen dy’t in ferlykbere ynfloed hawwe sille: de earste bemanne reizen nei Mars, de mooglike ûntdekking fan bûtenierdsk libben en it ûntriedseljen fan de oerknal.

Moetings mei stjerrekundigen
Govert lit ek sjen dat Nederlân in wichtige rol spilet yn de ynternasjonale stjerrekunde – net allinich yn it ferline, mar just ek yn it hjir en no. Dêrneist nimt er ús mei nei ferkate lokaasjes yn de Feriene Steaten en yn Sily, dêr’t de meast avansearre teleskopen opsteld stean en dêr’t ferrassende moetings binne mei foaroprinnende eksperts.

Yn de searje wurdt yn it ferline groeven, nei de oarsprong fan de kosmos socht, op planeten by oare stjerren jage, oer de folgjende bestimming yn it sinnestelsel dreamd, en leard hoe’t ierde en minske yntegraal diel útmeitsje fan it wûnderlike hielal boppe ús holle.

Govert naar de grenzen van het heelal is produsearre troch Tuvalu Media en regisearre troch Stefan Wittekamp.

Oflevering 1, tiisdei 14 maaie: ‘Als de hemel valt’.

april 27, 2019 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.