Gjin grutte kâns op stellen fyts yn Fryslân

april 13, 2019 09:46

Fryslân heart ta de feilichste provinsjes as it giet om fytsestellerij. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Fytsersbûn en beslist.nl, dy’t ûndersyk dien hawwe nei de lêste trends op it mêd fan fytsen.

Foto: pixabay.com

Net folle dieverij yn Fryslân
Op tûzen ynwenners wurde yn Fryslân 22 fytsen stellen. Dêrmei stiet Fryslân, tegearre mei Drinte, op in dield twadde plak as it giet om provinsjes dêr’t men de fyts feilich delsette kin. Inkeld yn Seelân is de kâns op stellerij fan in twatsjiller lytser, twa stellen fytsen op tûzen ynwenners. Hoe oars is it yn Noard-Hollân, dêr’t de kâns op dieverij goed trije kear sa grut is as yn Fryslân; 73 stellerijen op tûzen ynwenners.

It grutste risiko op it ferdwinen fan jins fyts rint men by it winkeljen. 29% fan alle fietsedieverijen bart nammentlik by winkelgebieten. Der wurde ek in protte fytsen stellen by treinstasjons en om de eigen wenning hinne. Dy twa lokaasjes stean op it twadde en tredde plak fan populêre jachtgebieten fan fytsedieven. Op beide plakken bart 21% fan alle fytsestellerijen.

In oersjoch fan alle fytsedieverijen yn Nederlân is te finen op de infographic fan Fietsend Nederland.

april 13, 2019 09:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.