Girlsday: robots programmearje en sinneskûtels meitsje

april 9, 2019 08:12

Op Girlsday iepenje ferskate bedriuwen yn Noard-Nederlân de doarren foar famkes tusken de tsien en fyftjin jier âld. Foar famkes is dat in goede kâns om yn ’e kunde te kommen mei bèta, technyk en ICT én mei froulike rolmodellen. Troch de praktyk yn te gean, krije de famkes in better byld fan it wurk yn dy sektoaren.

Yn Dwingeloo by Astron leare famkes alles oer astronomy. Nei in presintaasje oer stjerrekunde meitsje se sels in sinneskûtel, sille se soldearje en besytsje se in grutte teleskoop. By DUO yn Grins leare 55 famkes mei help fan in robot te programmearjen. Yn Fryslân binne ek ferskate fammedei-aktiviteiten. Sa sille alve basisskoallefamkes by Pranger-Rosier yn Ljouwert oan ’e slach as ynstallaasjetechnisy en bouwe se harren eigen bibberbot. Net allinnich dêr, mar ek by in protte oare bedriuwen yn it noarden wurde fammedei-aktiviteiten holden.

Girlsday 2019 wurdt iepene troch direkteur-generaal fan Rykswettersteat Michèle Blom en dykgraaf Hetty Klavers. Mei famkes út it basisûnderwiis en it vmbo jouwe sy yn Rotterdam it startsein, dêrnei begjinne yn it hiele lân de fammedei-aktiviteiten. Lanlik sille hast 11.000 famkes op besite by 366 bèta-, technyske en ICT-bedriuwen.

Yn Nederlân kieze noch hieltyd te min famkes foar bèta, technyk en ICT. Troch op Girlsday famkes út te nûgjen litte bedriuwen en technyske ôfdielings fan oare organisaasjes de famkes mei klam witte dat sy fan herte wolkom binne yn de technology.

VHTO, lanlik ekspertizeburo famkes/froulju en bèta/technyk organisearret Girlsday 2019 yn gearwurking mei it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip en TechniekTalent.nu.

april 9, 2019 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.