Gerrie Knetemann: De dea & de gladioalen

april 10, 2019 08:42

Utstjoering: snein 14 april, 22.10 oere, NPO 1 (premjêre freed 12 april op SportFilmFestival Rotterdam)

Tom Egbers (foto: NTR)

Gerrie Knetemann (1951-2004) is yn de santiger en trachtiger jierren ien fan Nederlânsk bêste en populêrste hurdfytsers. Hy wint tsien Touretappes en wurdt yn 1978 wrâldkampioen op de dyk. Yn de hurdfytswedstriid Dwers troch België 1983 botst ‘de Kneet’ yn folle koers op in auto. Hy leit foar dea op ’e dy, mei in brutsen skonk en in slachierlike blieding. Minsken hawwe noed foar syn libben.

Mar al yn it sikehûs yn Gent begjint Knetemann oan syn revalidaasje. Hy fjochtet werom en wat net ien foar mooglik hâldt: twa jier letter wint er de Amstel Gold Race. In histoarysk momint, ek al omdat er syn ellinde en blidens streekrjocht op telefyzje útgûlt by Mart Smeets op it skouder.

Andere Tijden Sport sjocht werom op dat dramatyske ûngelok en de weropstanning fan ien fan Nederlânsk kleurrykste hurdfytsers. Mei syn widdo Gré, syn dochter en hurdfytster Roxane, âld-ploechgenoaten en freonen Aad van den Hoek en Jac van Meer en tsjûgen fan it ûngelok. Jac van Meer: “Nei syn fal is der dochs in oar soarte Kneet ûntstien.”

Freed 12 april is de premjêre fan dizze ôflevering fan Andere Tijden Sport op it SportFilmFestival Rotterdam.

Andere Tijden Sport is it sportskiednisprogramma fan NOS en NTR, presintearre troch Tom Egbers.

april 10, 2019 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.