Gemeenterie De Haach praat oer ‘halalstrân’ foar moslims

april 21, 2019 16:56 Fernijd

Moslims fiele harren net noflik as se sjen moatte nei minsken mei amper klean oan, benammen as dy ûnsjoch binne. Op ‘e measte strannen fiele hja harren net thús. Der moat dêrom yn De Haach in “halalstrân” komme. Dat is it betinken fan it Haachske gemeenteriedslid Arnoud van Doorn.

Van Doorn wol dat de gemeente De Haach in stik strân oanwiist dat spesjaal foar moslims is. Om’t der ek bleatstrannen binne, is dat neffens him earlik. “Waarom niet een deel van het strand inrichten voor de moslimgemeenschap?” seit er. Op dy strannen soene de islamityske religieuze regels jilde. Manlju en froulju krije ûnder oaren eigen sônes. Van Doorn wiist derop dat Turkije en Yndonesië sokke strannen ek hawwe. Hy seit ek dat de strannen foarsjogge yn in ferlet, om’t froulju op gewoane strannen hieltiten faker lestich fallen wurde troch manlju.

Van Doorn sit út namme fan de Partij van de Eenheid yn ferskate gemeenteriedskommisjes yn De Haach. Hy siet earder yn ‘e Haachske gemeenterie foar de PVV, mar stapte nei syn bekearing ta de islam yn 2013 oer nei syn notiidske partij.

april 21, 2019 16:56 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.