Fyftjin persint Bybpanel minder iensum tanksij de biblioteek

april 30, 2019 20:00

Undersyk nei de maatskiplike wearde

Biebpanel, it lanlike ûndersykspanel fan de biblioteken hat ûndersocht wat de wearde fan de biblioteek is. Oan de hast 25.000 leden fan Biebpanel, ûnder wa 700 út it noarden fan Fryslân, is frege wat sy sels oan de biblioteek hawwe, mar ek wat de wichtichste wearde foar de maatskippij is.

Foto: pixabay.com

It grutste foardiel is foar de leden dochs it goedkeap lienen en lêzen fan boeken, tydskriften, kranten en oare media út in grutte kolleksje. De noflike, rêstige omjouwing dy’t de byb biedt wurdt ek wurdearre. De pannelleden wurde troch de byb ek ferrike, hja fergrutsje har kennis en besparje jild mei de bibilioteek. Fjirtjin persint fan de panelleden kin him better rêde tanksij de biblioteek, fyftjin persint fielt him minder iensum en tritich persint hat tanksij de biblioteek mear ûnder de minsken west. De persintaazjes yn noardlik Nederlân binne heger as de lanlike trochsneed.

Wat hat de maatskippij oan de biblioteek?
De lege drompel nei kennis, ûntspanning en ûntwikkeling is it grutste goed fan de biblioteek, sizze de panelleden. Santich persint fan harren is fan betinken dat de biblioteek soarget dat minsken better meidwaan kinne yn de maatskippij. Kânsen om dy maatskiplike wearde te fergrusjen sjogge de panelleden ek. De biblioteek kin bygelyks mear aktiviteiten organisearje en it oanbod bekend meitsje by in breder publyk.

2019 yn ferliking mei 2015
De biblioteek fierde it ûndersyk nei de maatskiplike wearde ek yn 2015 út. De biblioteek hat syn nije rol yn de tuskenlizzende jierren better sichtber makke, want folle mear respondinten soene no ien dy’t net goed lêze en skriuwe kin of ien dy’t digitaal net betûft is, trochferwize nei de biblioteek. De panelleden sizze no ek faker dat se troch de biblioteek harren kennis útwreide hawwe.

De biblioteek as trochferwizer
De biblioteek foarmet mei oare organisaasjes in grut maatskiplik netwurk. De biblioteek is in leechdrompelige foarsjenning en dêrtroch tige gaadlik foar bygelyks fragen oer de digitale oerheid. Mar dy fragen hoege de meiwurkers fan de biblioteek net allegear beäntwurdzje te kinnen. Dêr ferwize se graach foar troch. Tsien persint fan de panelleden is nei trochferwizing troch de biblioteek by in oare organisaasje terjochte kaam, bygelyks by in lêsklup of it Digi-Taalhûs.

Lêsroppich
In pear peareltsjes út de iepen antwurden: Hoe is de biblioteek foar jo persoanlik fan wearde? “Frijheid om te lêzen wat ik wol. In rêstmomint yn de wike. De mooglikheid om myn blik op de wrâld te ferromjen. In skatkeamer fol ynformaasje, kennis en ûntspanning. De biblioteek sêdet myn lêsroppigens. It grutte oanbod en ferskaat. Ik fyn it dreech om út te lizzen, mar ik soe de biblioteek tige misse as dy der net mear wêze soe.”

april 30, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.