Fûgelwachten krije beskikking oer drone

april 27, 2019 09:26

Foto: Wikipedia/Rasbak – lisinsje CC BY-SA 3.0

Sneon 4 maaie sil Peet Sterkenburgh, regiobestjoerder en portefúljehâlder fan LTO-Noard, yn Easterein in greidefûgeldrone demonstrearje en oan it bestjoer fan it Bûn Fryske Fûgelwachten BFVW oerlangje.

Mei de drone kinne de fûgelwachters nêsten opspoare. De drone kin 20 oant 30 hektare de oere neisneupe. De kamera skent de perselen op temperatuerferskillen en kin in briedende fûgel of waarme aaien gewaarwurde. Wat grutter it temperatuerferskil tusken nêst en omkrite, wat better de kamera de nêsten fine kin. Dronepiloaten geane dan moarns ek al betiid derop út.

De acht fûgelwachten dy’t de drone betsjinje sille, hawwe al in kursus fan twa dagen efter de rêch. Nimt de drone in waarmtepunt waar, dan giet dêr in fûgelwacht hinne. As dy in nêst oantreft, wurdt dat yn it GPS-systeem fan de BFVW opnommen. De nêststippen kinne op in kaart en sels yn de GPS-apparatuer yn in trekker weromfûn wurde.

Ynset foar greidefûgelpopulaasje
LTO-Noard koe de drone oantuge mei help fan de Provinsje Fryslân. It Kollektiveberied Fryslân, De BFVW en LTO-Noard sette har yn foar it behâld fan de greidefûgelpopulaasje. Alle jierren binne goed 3.800 leden fan de BFVW dwaande mei it sykjen en markearjen fan nêsten. Boeren ûntsjogge sokke markearre nêste by harren wurk. De trije partijen binne út op fernijing om de effektiviteit fan de frijwillige neisoarch en de belutsenheid fan jongelju te ferheegjen. Se hoopje dat se mei de tiid mear drones ta harren foldwaan hawwe.

 

april 27, 2019 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.