Fryslân goedkeapste provinsje om te boaskjen

april 5, 2019 07:57

Fryslân is de goedkeapste provinsje om te boaskjen. In houlik yn it gemeentehûs kostet troch de wike yn trochsneed € 272,48. It lanlik gemiddeld troutaryf op in wurkdei is goed hûndert euro heger: € 378. Dat en mear docht bliken út ûndersyk nei gemeentlike troukosten útsplitst nei dei fan de wike troch trou-webside ThePerfectWedding.nl.

Foto: pixabay.com

Foaral gemeenten yn it noarden fan Fryslân binne relatyf foardielich. Yn Waadhoeke, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân binne breidspearen nammentlik € 175 kwyt foar in seremoanje. Ljouwerters binne mear jild kwyt: foar € 493,29 meie sy it jawurd jaan yn in gemeentlike seal.

Boaskje yn it wykein
Sneons kostet in trouseremoanje yn Fryslân yn trochsneed goed twa kear safolle as troch de wike: € 575,73. De boat nimme nei Skylge kin goed wêze foar de ponge, want dêr betellet men mar € 365 op in sneon. It ferskil is grut mei It Hearrenfean en Tytsjerksteradiel, dêr’t men mear as € 800 betellet foar in houlik op sneon.

Sneins kin in spantsje yn mar trije Fryske gemeenten by it gemeentehûs yn it houliksboatsje stappe: It Amelân, De Fryske Marren en Harns. Faak is it wol mooglik om op in oare lokaasje in offisjele seremoanje te hâlden, lykas yn in hotel of restaurant.

Besjoch hjir it folsleine oersjoch fan gemeentlike tariven yn Fryslân en oare gemeenten yn Nederlân.

april 5, 2019 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.