Frysk Museum toant seldsume 16e-iuwske beker

april 20, 2019 08:41

De Ottema-Kingma Stichting hat mei stipe fan de Vereniging Rembrandt in seldsume 16e-iuwske glêzen beker oankocht en dy foar langere tiid yn brûklien oan it Frysk Museum jûn.

Foto: Michiel Stokmans

It giet om in beker út 1599 dêr’t 22 nammen fan Fryske adel yn gravearre binne. It glês is makke yn Antwerpen en is beskildere mei blêdgoud en fersierd mei maskarons en rosetsjes mei in turkoas peareltsje. Gjin oar Nederlânsk museum hat in ferlykber stik yn syn besit. It museum lit de beker fan hjoed ôf sjen yn de nije útstalling Sammele wurk: de rike kolleksje fan Fryslân.

Nei alle gedachten is de beker gravearre ta eare fan it ôflizzen fan de troubelofte fan Tjerck van Heerma en Lucia van Walta. Dat barren is te ferlykjen mei de hjoeddeiske ferloving. Tusken de nammen fan Tjerck en Lucia stiet it jiertal 1599. Bekend is dat sy in jier letter trouden. De oare nammen binne neiste freonen út foaroansteande Fryske aadlike famyljes. In protte fan harren binne ‘kunde’ fan it Frysk Museum: yn de kolleksje binne skilderijen en foarwerpen fan de op glês fertsjintwurdige famyljes. It glês dûkte op yn it telefyzjeprogramma Tussen Kunst & Kitsch (AVROTROS), dêr’t konservator erfgoed 16e-20e iuw Eveline Holsappel de oankeap foarstelde.

Komôf
Mei de groeiende wolfeart yn de Nederlannen ein 16e iuw en 17e iuw naam de fraach nei lúks guod ta. It heldere kristalloglês dat eksklusyf yn Italië makke waard, wie hjir tige populêr. De kennis om sok glês sels te meitsjen ûntbriek, oant in stikmannich Italiaanske glêsblazers har yn de rest fan Europa fêstigen. De gravearre beker wurdt taskreaun oan it Antwerpske Gelaesenhuys, dêr’t Italiaanske masterglêsblazers glês makken dat tige dreech te ûnderskieden is fan it Fenesjaanske orizjineel.

It glês is te sjen yn de útstalling Sammele wurk: de rike kolleksje fan Fryslân, dy’t op sneon 20 april iepene wurdt. Nei ôfrin op 15 septimber sil de beker in plak krije yn de fêste kolleksjepresintaasje Ferhaal fan Fryslân yn it Frysk Museum.

Sjoch op www.friesmuseum.nl foar mear ynformaasje.

april 20, 2019 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.