Frij paad foar bisten en planten

april 25, 2019 10:11

foto © Dico de Klein

Woansdei 24 april is de nije ekologyske ferbiningssône súdlik fan it Easterskar by Rotstergaast offisjeel iepene. In nije slinke fan twa kilometer lit wetter fan de Tsjonger trochstreame nei belangrike natuergebieten. Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea iepene it gebiet mei it ûntbleatsjen fan in ynformaasjepaniel en in nije picknickbank.

Mei it oanlizzen fan de nije wetterferbining yn it Easterskar is de barriêre foar bisten en planten ferline tiid. De nije ‘rivier’ ferbynt it Natura 2000-gebiet Rottige Meenthe & Brandemar mei it Easterskar. Otters, ringslangen en de sulveren moannneflinter krije dêr frij baan troch om makliker en feiliger fan it iene nei it oare plak te gean.

Net mear lêst fan útdrûgjen
Ferlike mei de greiden deromhinne leit it Easterskar frij heech. It grûnwetter lekt dêrtroch fuort nei dat legere lân. Dêrtroch stie it gebiet geregeld drûch. De ferbiningssône bestiet út lytse wetterpartijen, petgatten, krûderike reidlannen, wiete greiden en rûchten en heger lizzende greiden mei in ferskaat oan gerssoarten. It skjinne wetter út de Tsjonger streamt aloan troch. Dêrtroch bliuwt it moerasgebiet no wol wiet en sompich. otters, wetterpipermûzen, blauboarstkes, lytse grûnkrûpers en kikkerts binne dêr sljocht op.

Gjin wiete fuotten
It wetterpeil yn it natuergebiet wurdt heger, mar yn de omlizzende greidegebieten bliuwt it foar it grutste part gelyk. Op it punt dêr’t de hege en lege wetterstreamen inoar kruse, binne dûkers fan 25.000 kilo it stik oanbrocht. It lânbouwetter streamt ûnder it wetter fan de ferbiningssône troch as in soarte fan akwadukt. De streamen reitsje inoar net, dat de boeren kinne de fuotten drûch hâlde.

Romte foar rekreaasje
De ferbiningssône is ynrjochte yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt. Troch hjir romte foar natuer te meitsjen, kaam der op oare plakken yn Fryslân (bygelyks op de Tsjonger en it Polderhaadkanaal) romte om de wetterrekreaasje in ympuls te jaan.

Ane Zijlstra, projektlieder fan It Fryske Gea neamt it in slagge projekt: “Yn goed oerlis mei de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân hawwe wy mei help fan lean- en oannimmersbedriuw De Samenwerking in lânynrjochtingsprojekt mei ferskilende doelstellingen realisearre. Sûnder de meiwurking fan de boer fan it neistlizzende lân hie it projekt net útfierd wurde kinnen. Yn de ôfrûne wiken hawwe passanten en bewenners út de buert gauris tsjin my sein dat se te sprekken wiene oer de lânskiplike yngreep. It oanlizzen fan de ferbiningssône is dan ek slagge en dêr binne wy grutsk op!”

april 25, 2019 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.