Friezinne makket brân Notre Dame mei

april 16, 2019 22:12

De Notre Dame yn bettere tiden
Foto: Pixabay

Moandeitejûn hat der in grutte brân west yn de Leaffrouwekatedraal yn Parys, de Notre Dame. De Frânsen hawwe manmachtich har fertriet utere om ‘e ravaazje oan ‘e iuwenâlde tsjerke. Friezinne om utens Siebrig van der Veen wennet deun by de Frânske haadstêd. Omrop Fryslân hat mei har praat.

Frou Van der Veen wennet al jierren yn Frankryk. Dochs waard se fan it nijs op de hichte brocht út Nederlân wei. “Fia in WhatsAppke fan in freondinne út Nederlân. Dêrnei krige ik fan mear kanten berjochten.”

Hja neamt de Notre-Dame it moaiste monumint fan Parys en miskien wol fan hiele Frankryk. “It is hiel skande. Hiel frustrearjend ek, omdat der foar dyn gefoel net safolle barde om it fjoer út te krijen, mar dat skynde hiel dreech te wêzen.”

De Friezinne wennet krekt bûten Parys, mar de gefolgen fan de brân wiene ek by har yn de buert goed te fernimmen. “Ik koe de reekwolken boppe de stêd wol sjen en ha oardel oere lang allinnich mar brânwachtauto’s heard. It wie in drokte fan belang.”

Frou Van der Veen is learares. Se sjocht om har hinne dat de brân de minsken yn it moed taast. “Ik jou les oan in groepke katoliken. Foar harren hat de brân safolle mear betsjutting as foar my. Ast leauwich bist, jout it noch wer in oare diminsje. Echt supertryst foar dy minsken.”

In dei nei de brân bespeurt Van der Veen foarsichtich optimisme. “Moandei wie de gedachte benammen: der falt net in soad te rêden. Tiisdei fûn ik minsken alwer in stik positiver. Der binne leau ik al in soad donaasjes binnenkaam om de katedraal wer op te bouwen, mar dat sil noch wol even duorje.”

april 16, 2019 22:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.