Frâns Kuipers: Passion 2019

april 27, 2019 20:00

Kollum

Ik sjong bas yn it NHL-Stendenkoar. Dat koar wurdt foarme troch studinten, dosinten en âld-dosinten. Der binne ek studinten en dosinten fan de Friese Poort by. Wy sjonge meastal klassike stikken lykas de Matthäus en de Johannes Passion fan Bach, mar ek stikken fan Brahms, Puccini en fan Duke Ellington lykas ‘Sacred Concert’, dêr’t wy no mei dwaande binne. Mids juny jouwe wy in konsert yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert yn it ramt fan City Proms.

Tiisdei 16 april brochten wy de Matthäus Passion yn it Atlas Teater yn Emmen foar it fuotljocht en de deis dêrop diene wy dat yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Beide kearen grôtfol. Prachtige optredens. Oer hiel Nederlân – en faaks oer de hiele wrâld – waard de Matthäus of de Johannes Passion útfierd. Lytsskalich en/of grutskalich. Tûzenen wiene der tsjûge fan. Dat jildt fansels ek foar politike kopstikken. Dy geane trochstrings nei de útfiering yn Naarden. “Om er intens van te genieten”. Mar, sa earlik binne se wol: it wie ek in moaie gelegenheid om te ‘netwurkjen’. “It’s all business of course!”

The Passion Dordrecht
Tsjintwurdich wurdt it Jezusferhaal as ‘bibelspektakel’ op telefyzje brocht troch akteurs mei help fan ‘trochsneed’ minsken, dy’t it ferljochte krús troch strjitten drage. Dizze kear yn Dordrecht. It ferljochte krús waard delset by in grut ferljochte poadium, mei dêrop de ‘ferteller’ en in ferskaat oan sjongers. Dit jier waard it spektakel troch 2.4 miljoen minsken besjoen. Foarich jier wiene dat sa’n 3 miljoen. It rint dus in bytsje tebek.

Djippe teksten
Bach brûkte de bibelteksten oer it lijen en stjerren fan Jezus. Hoe’t doetiids it Joadske folk en Jezus syn eigen folgelingen Him, doe’t it derop oankaam, falle lieten, makke djippe yndruk op Bach. Sy koene Him net mear, fertelt Bach, doe’t bliken die dat Jezus oan it krús spikere wurde soe. Syn bêste maat, Petrus, liet him falle. Jezus woe leaver net stjerre, mar Hy moast it dwaan foar behâld fan it minskdom. Hy soe nei trije dagen opwekke wurde en nei syn himelske Heit opstige. Dat waard dúdlik doe’t op de tredde dei it grêf leech wie. De swiere stien wie oan ’e kant skood.

Wrakselje
As grifformeard grutbrocht jongfeint leaude ik alles wat yn de Bibel stie. Fan kaft oant kaft. Mar troch de tiid hinne is dat stadichoan ferdwûn en ik stean net allinne. Tradisjonele tsjerken rinne leech en nije ‘bliidboadskiptsjerken’ lûke jongere minsken mear oan. Dy hawwe sa’t it liket gjin of minder lêst fan doktrines.

Muoite
Wêr’t ik en folle mear minsken – ek fan myn âldens (79) – muoite mei (krige) ha, binne teksten as ‘Was mein Gott will, das g’scheh allzeit, sein Will’ der ist der beste’. Prachtige teksten fan geweldige koralen, mar passe dy noch wol yn de hjoeddeiske tiid? Mei guon koarleden haw ik it dêr wolris oer en it komt ek wol op it aljemint yn petearen mei famylje of goekunde. Dan docht bliken dat sokke djipleauwige teksten net te befetsjen binne, as men sjocht nei wat der hjoed-de-dei, út namme fan hillich leauwen, allegearre oan wredens bart. Sjoch nei wat der bard is yn Sry Lanka en betink wat der – troch de tiid hinne – allegearre bard is yn oarloggen fan eartiids en fan hjoed-de-dei. Neam it allegearre mar op. It wie en is misdiedich minskewurk. Wie en is dat basearre op yndoktrinearre oertsjûgingen? Wa’t it wit mei it sizze.

april 27, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.