Feriene Naasjes moatte tsien jier lang lytse talen de pree jaan

april 25, 2019 18:27

In jier fan ’e autochtoane talen is net genôch. De Feriene Naasjes moatte de kommende tsien jier útroppe ta it desennium fan ’e lânseigen talen. Dy tsien jier moat der hurd wurke wurde oan it rêden en befoarderjen fan dy lytse talen. Dat seit in groep fertsjintwurdigers fan allegear sprekkers fan minderheidstalen yn in gearkomste fan ’e advysgroep foar autochtoane groepen fan ’e FN.

De FN hawwe 2019 al útroppen ta it jier fan ’e lânseigen talen. Dat is dien om in jier lang omtinken te freegjen foar it janpoepsplak dêr’t in soad fan dy talen op sitte. Oerheden moatte neffens de FN mear dwaan foar harren lytse talen. “Foar de oarspronklike befolking is taal ferbûn mei oerlibjen”, sei Maria Fernanda Espinosa Garces, de foarsitster fan ’e Miene Gearkomste fan ’e FN. Hja prate dizze wike mei fertsjintwurdigers fan lânseigen taalgroepen. Frou Espinosa Garces wiisde derop dat de tiid begjint te driuwen, mei’t in grut part fan ’e talen op útstjerren stiet. “As it om in diersoarte gean soe, soene wy alaarm slaan om’t der útstjerren wankte”, sei hja.

Wilton Littlechild, dy’t op ’e gearkomste wie as fertsjintwurdiging fan ’e yndiaanske befolking fan Kanada, wiisde der ek op dat in soad talen bedrige binne. Hy sei dat ûndersyk lykwols útwizing dien hie dat talen wol te rêden binne, as se genôch stipe krije.

It is net de earste kear dat de FN in oantrún kriget om in desennium lang omtinken foar bedrige talen te freegjen. De UNESCO hat ferline jier in ferlykber útstel dien.

april 25, 2019 18:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.