Feilichheidsregio Fryslân docht mei oan Odyssey Hackathon

april 12, 2019 09:01

Fan 11-15 april 2019 docht Feilichheidsregio Fryslân mei oan de Odyssey Hackathon yn Grins. Dêrby sykje ynnovaasjeteams út de hiele wrâld wei nei oplossingen foar grutte útdagingen. Mei de Feilichheidsregio’s Rotterdam-Rijnmond en Grins, Meldkeamer Noard-Nederlân en it Ynstitút Fysike Feilichgheid hat Feilichheidsregio Fryslân dêr twa ‘challenges’ foar útskreaun.

Twa challenges
Oan de Odyssey Hackathon dogge hûndert teams út ferskillende lannen mei. Dy binne ferparte oer tweintich challenges út ûnderskate sektoaren yn de mienskip. Tsien teams sille teset mei de twa challenges dy’t mei troch Feilichheidsregio Fryslân útskreaun binne. Yn de iene stiet de fraach sintraal hoe’t it dielen fan ynformaasje oer gefaarlike stoffen stimulearre wurde kin. De oare giet oer it garandearjen fan falidearre ynformaasje en it dielen dêrfan as der in krisis is. De tsien teams moatte oan ’e ein fan it wykein ûnder mear in wurkjend prototype opleverje. Dêrnei sil bliken dwaan hokker team wûn hat.

Netwurkmaatskippij
Dat wy yn in netwurkmaatskippij libje is ien fan de útgongspunten fan de hackathon en dat problemen mienskiplik oplost wurde moatte. Moderne technology kin dêrby helpe. “Wij doen als Veiligheidsregio Fryslân mee aan de hackathon omdat we de netwerksamenleving actief willen omarmen,” fertellen Johan Haasjes, programmalieder ynnovaasje en ynformaasje, en Jeroen Westerik, ôfdielingshaad ynformaasjemanagement by Feilichheidsregio Fryslân. “Daarnaast willen we concrete en toepasbare ervaring opdoen met de zich snel ontwikkelende technologieën om ons heen. Zo werken we nu en in de toekomst samen aan een veiliger Fryslân.”

 

april 12, 2019 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.