Feie Fonyk: Moat artikel 23 ôfskaft wurde?

april 4, 2019 12:00

Kollum

Yn 1878 setten goed 300.000 protestanten en 164 000 roomsk-katoliken harren hantekening ûnder in petysje foar it rjocht om eigen skoallen te hawwen en dy betelle te krijen troch de oerheid. Dy petysje wie yn ferbân mei in wetsfoarstel fan minister Kappeyne van de Coppello. Dat foarstel kaam derop del dat der gjin jild útjûn wurde soe foar kristlik ûnderwiis. De Vrije Universiteit hat in side mei ynformaasje oer dit Volkspetionnement. Sa is op te sykjen hoefolle minsken oft de petysje tekene hawwe. Dat wiene der yn Tytsjerksteradiel, de gemeente dêr’t ik yn wenje, 1482, goed tsien persint fan it tal ynwenners. Men kin sykje op efternamme.

De namme Algra stiet 31 kear op de list. Hendrik Algra, dêr’t de Dr. Algraschool yn Ljouwert nei neamd is, waard berne oan de Simmerdyk ûnder Burgum op in lyts boerespul yn 1896. Hy hat ea útsocht yn it Ryksarchyf yn De Haach wa’t krekt op de list stiene. Syn oerbeppe Eelkje Algra-van der Veen en har soannen Folkert en Atje stean tusken de 149 nammen op de list fan Feanwâldsterswâl.

Yn Hurdegaryp wie der yn it begjin fan de fyftiger jierren strideraasje oer it stichtsjen fan in kristlike skoalle. Hendrik Algra, haadredakteur (1935 – 1970) fan it Friesch Dagblad hat alle war dien om der in kristlike skoalle te krijen. Sadwaande krige de twadde basisskoalle yn 1974 de namme ‘Hendrik Algraschool’. Yn dat gebou sit no it Tjalling Koopmans College. Der aanst mear oer.

It “smeekschrift aan der koning” hie gjin resultaat. Der kening tekene de wet dochs. Pas yn 1920 kaam der in wet dy’t bysûnder ûnderwiis mooglik makke dat folslein bekostige waard troch it Ryk. Yn artikel 23 fan de Grûnwet stiet it sa: “Het geven van onderwijs is vrij, behoudens het toezicht van de overheid en, voor wat bij de wet aangewezen vormen van onderwijs betreft, het onderzoek naar de bekwaamheid en de zedelijkheid van hen die onderwijs geven, een en ander bij de wet te regelen.”

Op dit stuit is sawat twa tredde fan alle skoallen in bysûndere skoalle, meastal protestantsk of roomsk-katolyk, mar der binne ek neutraal-bysûndere skoallen.

De lêste jierren geane der stimmen op om dat artikel 23 te skrassen of te feroarjen. De tsjerken rinne leech en der wurde skoallen oprjochte troch moslims. Past soks wol by de Nederlânske kultuer? Mar dêr hawwe se it folste rjocht ta op basis fan dy âlde ûnderwiiswet.

Somtiden wurdt der op ûneigenlike grûn in skoalle begûn. Sa hawwe wy yn Hurdegaryp it Tjalling Koopman College foar fuortset ûnderwiis. Dat is in katolike skoalle, mar ik freegje my ôf hoe roomsk-katolyk oft dy skoalle is. Fan de oare kant stiet yn Ljouwert it Gomarus College. Der hoege wy net by te twiveljen oan de grûnslach. It is in tige bibelfêste en ortodokse skoalle. Spitich dat dy skoalle neamd is nei in godstsjinstige fanaat út de 17e iuw. Troch syn driuwerij – de fêste oertsjûging dat God alles regelet en yn ’e hân hat, ek al yn it foar wit wa’t behâlden wurde sil – kaam úteinlik Johan van Oldenbarnevelt op it skavot. Skandalich!

It grutste probleem binne guon islamityske skoallen. Der blike bygelyks twivels te wêzen oer it lesprogram fan it Cornelis Haga College yn Amsterdam. It skynt ek dat dêr guon omrinne dy’t fertocht wurde fan in bân mei terroristen. Sjoch myn kollum ‘God moat it net foar it sizzen hawwe’ fan twa wike lyn.

It ôfskaffen fan artikel 23 sil net gean, sjoen it grutte tal bysûndere skoallen. Dochs bin ik troch de tiid hinne in foarstanner wurden fan it Frânske steatsmodel. Dat betsjut in folsleine skieding tusken tsjerke/leauwe en steat. No is der yn Frankryk wol in lyts part bysûnder ûnderwiis. Hast allegearre katolyk. Dat wite in soad minsken net. Katolike skoallen wurde betelle troch de steat, mar dat bart allinne as se in kontrakt slute oangeande de ynhâld fan it ûnderwiis en dat dogge se. Sa’n model kin hjir ynfierd wurde, mei in goede kontrôle op de lesprograms. Wa wit, binne dan problemen foar te kommen.

 

 

april 4, 2019 12:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Kerst Huisman april 5, 09:49

    Hiel goed stik, Feie. Ien opmerking: dy bysûndere sitewaasje yn Nederlân wie it gefolch fan wat wolris de godsfrede neamd is. Dy kaam ta stân as in kompromis tusken de striders foar algemien kiesrjocht en dy foar it bysûnder ûnderwiis. De sosjaal-demokraten koenen har lykfine yn it bysûnder ûnderwiis, en de konfessionelen doe ek, nei lang tsjinaggewearjen, yn it algemien kies- en stimrjocht. En dat hie alles te krijen mei de bibberaasjes, dy’t behâldend Nederlân krige fan de revolúsje, dy´t yn de wurden fan ús Piter Jelles ´thans niet halt houdt aan de grens te Zevenaar´.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.