Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (64)

april 27, 2019 10:39

Allinnich God is goed

Sineeske Jezus (boarne ûbekend)

In ryk jongfeint freget:
“Goede Master, wat moat ik dwaan om in goed minske te wêzen?”
Ik sis:
“Wêrom seisto dat ik goed bin? Allinnich God is goed. Hâld dy oan ’e tsien geboaden en do silst in better minske wêze as datst wiest.”
“Ik hâld my al sûnt jier en dei oan ’e geboaden.”
Ik sjoch him oan, hy is in sympatyk jongfeint en ik sis:
“Dan hoechst mar ien ding mear te dwaan. Ferkeapje al dyn besittingen en jou it jild oan de earmen. Dan silst in skat yn ’e himel hawwe. Kom dêrnei by my werom en folgje my.”
Mar de jongfeint sjocht swart en giet fuort, want hy hat in protte besittingen.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre. Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm
april 27, 2019 10:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.