Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (63)
Resint ferskynd
Wa is goed?

Ofbylding: http://www.lucascleophas.nl
In ferslachjouwer en in populist sieten beide yn ’e synagoge te bidden. De ferslachjouwer sei tsjin God:
“Hear, ik tankje Jo dat ik net sa bin as de oare minsken: jildwolven, dieven, troubrekkers, ferslaafden of ek as dy populist efteryn. Ik lês in fatsoenlike krante, ik stim op de goede partij en ik haw gjin skulden.”
De populist doarde allinnich op ’e efterste rige te sitten en hie de triennen yn ’e eagen. Hy sei tsjin God:
“Hear, haw begrutsjen mei my, ik bin in sûndner. Ik haw in protte ferkearde dingen dien en fan ’e oare dingen dy’t ik dien haw, wit ik net oft se goed of ferkeard binne. Ferjou my myn ûnwittendheid en ferjou my myn kweadieden.”
Wa’t himsels ferheget, sil fernedere wurde, en wa’t himsels fernederet, sil ferhege wurde.
De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje