Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (62)

april 13, 2019 07:00 Fernijd

Wêrom’t gjin letter fan ’e wet falle mei

https://d626yq9e83zk1.cloudfront.net/files

Gjinien kin twa hearen tsjinje. Wat minsken geweldich fine, fynt God grouwélich. Tink der goed om wêr’tst fan dreamst en wêr’tst dyn skatten garrest.

By de wet en de geboaden is no it evangeelje kommen, it goede nijs fan it keninkryk fan God en syn genede. Dat de minsken inoar ferjouwe at se ferkeard dogge en berou toane.

Mar dat wol net sizze dat wetten en geboaden net mear jilde. Earder sille himel en ierde fergean as dat der fan wetten en gewisse ien tittel of jota ferfalt. Wa’t syn frou fuortstjoert en mei in oar hokket, docht troubrek. En sa jilde ek de oare wetten. En de genede.

Ferliedingen sille der altyd wêze, mar wee de persoan troch wa’t se komme. Dy kin mar better mei in molestien om ’e hals yn see smiten wurde.

As jo broer kweadocht, bestraf him, en as er berou toant, ferjou him.

De iene falkûle is de leafdeleaze tapassing fan Gods wetten op ús meiminsken of ússels. De oare falkûle is it ferwetterjen fan wet en geboaden oant jim der sûnder ynspanning oan foldogge. Gjinien fan beide is goed. Beide jouwe argewaasje en leechrin. Libje is stribje en ferjaan.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm
april 13, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.