Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (61)
Resint ferskynd
De Samaritaan wit wa’t syn meiminske is

Giacomo Conti (1813–1888), De goede Samaritaan
In teolooch besiket my te hifkjen troch te freegjen:
“Wat moat ik dwaan om ien mei God te wêzen en it ivige libben te hawwen?”
Ik freegje werom:
“Wat stiet dêroer skreaun yn ’e bibelboeken Deuteronomium en Levitikus?”
Hy antwurdet en hellet de goede wurden oan:
“Do silst de Hear, dyn God, leafhawwe mei hiel dyn hert, hiel dyn siel, al dyn krêft en al dyn ferstân. En do silst dyn meiminske leafhawwe as dysels.”
Ik sis:
“Doch dat en do silst net inkeld libje, mar ek goed libje, en net inkeld goed libje, mar sels ivich libje, troch dyn ienwurding mei de Hear fan de Uneinichheid. Do bist al ticht by it keninkryk fan God.”
De teolooch freget dan:
“Mar wa is myn meiminske?”
Ik jou antwurd troch in ferhaal te fertellen, in gelikenis.
Underweis nei Jeruzalem wurdt in man troch smjunten oerfallen. Se pakke him syn jild ôf, mishannelje him en litte him foar dea lizze. Tafallich komt der in teolooch foarby. Hy sjocht de healdeade man lizzen, mar rint der mei in bocht omhinne. In pryster giet der lyksa mei in bocht omhinne. Mar in Samaritaan dy’t op reis is, komt by him, sjocht him en kriget begrutsjen mei him. Hy makket syn wûnen skjin en ferbynt se, jout him wat te drinken, set him op syn eigen ezel en rint mei him nei in herberch. Dêr past er noch fierder op him. De oare deis jout er de baas fan ’e herberch jild foar trije nachten.
“Tink goed om him”, seit er, “en ast noch mear kosten makkest, set it dan by my op ’e rekken en ik sil dy betelje as ik hjir aansen wer bin.”
En no freegje ik dy: wa fan ’e trije is de meiminske fan ’e man dy’t troch de smjunten healdea slein is?
De teolooch antwurdet:
“De minske dy’t mei him meilibbet en him helpt.”
“Lit him dan in foarbyld foar dy wêze yn dyn deistich libben.”
De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje