Earste nammen Simmerdeis 2019 bekend

april 22, 2019 09:08

Fan 27 o/m 30 juny wurdt Simmerdeis 2019 holden. Dan stiet Drachten en omkriten foar de trettjinde kear yn it teken fan muzyk, sirkusacts, strjitteater en bernefoarstellings. De earste bands binne ûnderwilens bekend.

Son Mieux op sneon 29 juny
Son Mieux pakt je op en nimt je mei op reis troch syn wrâld. Wille, lok, eangst en miskien in ferdwaald leafdesferhaal. Camiel Meiresonne skriuwt syn ferskes midden yn de nacht en dat soarget foar yntime mar ek útbundige nûmers. Ea toetsenist yn Soul Sister Dance Revolution; no is er folwoeksen en klear om de wrâld sjen te litten wat er solo kin.

Inge van Calkar op freed 28 juny
Goede titels binne it heale wurk. Mei har twadde album neamd Reset smiet Inge van Calkar it roer hielendal om. De akoestyske eleminten giene derút, de elektroanyske deryn. Hja hat altyd in swak hân foar alternative muzyk en dat komt der no yn folle gloarje út. Har nûmer ‘River’ waard fuortdaliks oppikt troch Radio 2 en dat soarget derfoar dat har namme ûnderwilens gjin ûnbekende mear is.

Van Common op tongersdei 27 juny
Van Common, de poadiumnamme fan Sebastiaan van Ravenhorst, gie yn 2017 mei in inkelde reis nei Amearika. Fiif moanne lang ferbrede de sjonger-ferskesskriuwer en multy-ynstrumintalist syn kime oan de oare kant fan de oseaan. En it aventoer is werom te hearren yn syn muzyk. Dreamerig nûmers mei galmjende sjonglinen: Indiepop salichheid.

Seewolf op sneon 29 juny
Op in isolearre plak yn Fryslân, de Aldebiltdyk, strykt nachts it ljocht fan in fjoertoer oer it lân. De wyn, de see, de loft, de klaai fan it plak drage allegear by oan it ûntstean fan Seewolf: fjouwer manlju dy’t de tiid nimme om ferskes en apparaten te meitsjen. De manlju spylje gjin noat mear as nedich en nimme te tiid om har nûmers te fertellen. Lit je betsjoene troch de less is more psychedelyske Indierock fan Seewolf.

The Desmonds op freed 28 juny
The Desmonds stean sawol garant foar in hyperenerzjike muzykûnderfining as in poarsje brutale garaazjerock. The Desmonds jouwe in flinke swiper oan har gitaren en kamen yn 2018 mei de single ‘Street Signs’. Jong, opstannich en barstend fan enerzjy brekke se bomfolle sealen ôf. It dak giet der by it earste akkoard fuort ôf, en ien ding is wis: The Desmonds ramme ûnfersteurber troch.

april 22, 2019 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.