Drylts bout earste sinnepanielepark fan Súdwest-Fryslân

april 14, 2019 09:12

It giet oan! Wethâlder Erik Faber fan Súdwest-Fryslân en foarsitter Gerrit van de Leeuw fan de Enerzjykoöperaasje Drylts hawwe it pachtkontrakt ûndertekene fan it nije sinnepanielepark yn Drylts. Dat wurdt it grutste troch frijwilligers realisearre sinnepark fan Súdwest-Fryslân.

Wethâlder Erik Faber en foarsitter Gerrit van der Leeuw ûndertekenje it pachtkontrakt (foto: Gemeente Súdwest-Fryslân)

Mear as 8.000 panielen
Begjin 2020 kriget Drylts in sinnepanielepark mei 8.000 panielen. It park wurdt boud op in twa hektare grutte greide. De Enerzjykoöperaasje Drylts neamt it sinnepanielepark ‘de Stroomtún’, in soart folkstún, mar dan foar stroom. Organisearre as in koöperaasje, draaiende holden troch frijwilligers floeie alle ynkomsten werom nei de mienskip.

Jild foar duorsume inisjativen
Mei de sinnepanielen wurdt yn totaal 2,6 megawatt oan stroom wûn. Dy wurdt ferkocht oan in enerzjymaatskippij. “De opbringst brûke wy om de rinte te beteljen oan ’e bank en oan ús dielnimmers en om lieningen ôf te lossen”, seit Gerrit de Leeuw. “Wat oerbliuwt, besteegje wy oan duorsume inisjativen.”

Omtinken foar it lânskip
De greide dêr’t it sinnepark op komt, leit neist it yndustryterrein oan de Súdwesthoekewei yn Drylts. “In sinnegreide is goed, mar net moai”, seit Van der Leeuw. “Dêrom besykje wy it sa goed mooglik oan it sicht te ûntlûken. Wy kieze foar in lege opstelling en lizze der in dykje mei reid omhinne.”

Mei-inoar!
It sinnepanielepark kostet twa miljoen euro. It grutste part dêrfan wurdt by in duorsume bank liend. De rest hopet de Enerzjykoöperaasje byinoar te krijen troch safolle mooglik minsken meidwaan te litten. “Dizze grutte sinnegreide is unyk”, seit Van der Leeuw. “Mei de opbringsten kinne wy yn Drylts en omkriten fyftjin jier lang hieltyd nije, duorsume inisjativen opstarte. Mar dat kin allinne as elkenien meidocht. Lokkich dogge der al fyftich húshâldens oan mei, dy’t gemiddeld foar trijetûzen euro partisipearje.”

Prachtich foarbyld
Wethâlder Faber is ek entûsjast en skriuwt him yn foar fjouwer panielen. “Ik fyn it in prachtich foarbyld fan Mienskipsenerzjy; it inisjatyf komt by de bewenners sels wei. Fantastysk hoe’t de Enerzjykoöperaasje Drylts it oanpakt hat. Wat soe it moai wêze as eltse kearn aanst syn eigen enerzjykoöperaasje hat.”

Net allinnich foar Drylts
Men hoecht net perfoarst yn Drylts te wenjen om meidwaan te kinnen. Ynwenners út de rest fan Súdwest-Fryslân binne ek wolkom as partisipant. Meidwaan is al mooglik fan 250 euro ôf, likernôch de wearde fan ien paniel. Alle jierren wurdt 4% rinte betelle. Op de webside www.stroomtuin.nl stiet mear ynformaasje oer de finansjele kant. Partisipanten kinne har noch melde oant 1 maaie 2019.

Iepening yn 2020
Yn novimber wurdt de grûn fan it sinnepark bouryp makke. Yn ’e maityd fan 2020 wurde de panielen pleatst en om maaie 2020 hinne is de offisjele iepening.

april 14, 2019 09:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes april 14, 11:45

    Jou my mar ien hege (200mtr.) wynturbine fan 3 MW, dy makket folle mear stroom. Dy draaie sa stadich en statich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.