Dit is wat de minister mei abortustsjinstanners fan doel is

april 2, 2019 21:55

“Let op, agressieve anti abortus demonstranten”, stiet der op in boerd by de yngong fan in fruchtôfnimmingsklinyk yn Utert. Demonstranten dy’t it mei it weimasterjen fan embryo’s net lykfine kinne, falle de froulju dy’t yn ‘e klinyk om help komme gauris lestich. Mooglik wurdt dat no ferbean.

Minister fan folkssûnens Hugo de Jonge wol dat de demonstranten op in distânsje fan ‘e kliniken bliuwe. Hy seit dat hja fansels tsjin abortus demonstrearje meie, mar wol net dat hja oaren yntimidearje. De demonstranten wize derop dat de neite krekt fertuten docht, mei’t hja ienris yn ‘e moanne in frou beprate kinne om de frucht ta in bern útgroeie te litten.

Guon gemeenten hawwe al sônes om ‘e kliniken ynsteld dêr’t net yn demonstrearre wurde mei. Dy gemeenten krije de stipe fan de minister. De rjochter joech de gemeente Roermond koartlyn ek tastimming foar it ynstellen fan sa’n sône. De minister jout oan dat de boargemaster fan elke gemeente ferantwurdlik bliuwt foar it demonstraasjebelied.

Yn Nederlân hawwe minsken it rjocht om te demonstrearjen, mar it is net altyd dúdlik oft dat ek mei op elk plak dat hja sels útsykje. Soms ferwize gemeenten demonstranten nei oare plakken. Dêr is ferskate kearen juridyske krityk op kommen, om’t de demonstraasje dan mooglik gjin doel hie.

april 2, 2019 21:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.