De skiednis en ûntwikkeling fan de platehoes

april 8, 2019 08:11

Oant en mei snein 19 maaie 2019 is yn de eksposysjeromte fan skouboarch De Lawei yn Drachten in nije eksposysje te besichtigjen. Yn Vinyl Design: De skiednis en ûntwikkeling fan de platehoes stiet de perioade 1959-1989 sintraal. Oanslutend dêrby presintearret Poppoadium Iduna konsertfotografy yn de grutte foyer. Inisjatyfnimmer en platesamler Bé Lamberts moast foar de eksposysje út syn samling fan mar leafst 400 platehoezen de meast bysûndere stikken selektearje.

Ofbylding: Iduna

In priveekolleksje fol sjenres
Lamberts lit allinnich hoezen sjen mei in bysûnder ferhaal út de perioade 1959-1989. Tink dêrby oan sjenres as rock-‘n’-roll, beatmuzyk, blues, Britske rhythm and blues, country(rock), folk, rolkrock, bluegrass, jazzrock, soul, hardrock, funk, progrock, psychedelyske rock, reggae, Americana en new wave. Wichtich gegeven: it giet benammen om hoezen fan de earste of oars iere parsings.

Wiere keunstwurken
Muzyk makke yn de twadde helte fan de tweintichste iuw in flugge ûntwikkeling troch. Sa ek de platehoes. Dy evoluearre fan de jierren fyftich ôf fan in simpele beskerming fan de plaat ta soms wiere keunstwurken. Untwerpburo’s as Hipgnosis spesjalisearren har yn it meitsjen fan platehoezen dy’t soms minstens sa bysûnder en wichtich binne as de muzyk. Net om ’e nocht hawwe guon hoezen in ikoanyske status krigen (tink û.o. oan Pink Floyd, Led Zeppelin, Pretty Things en 10CC).

Konsertfotografy fan Poppoadium Iduna
Oanslutend by de útstalling Vinyl Design presintearret Poppoadium Iduna yn de grutte foyer fan De Lawei konsertfotografy fan ferskate húsfotografen. De konsertfotografy jout in dúdlik byld fan it ferskaat dat it poppoadium mei syn programmearring oanbiedt.

Platebeurs yn Iduna
As ôfsluting fan de eksposysje wurdt in platebeurs organisearre op snein 19 maaie. Poppoadium Iduna feroaret op dy dei yn in plate- en cd-merk en is dan fergees tagonklik. It oanbod sil grut en fariearre wêze en wurdt oanbean troch ferskate profesjonele ferkeapers ûnder it geniet fan in DJ dy’t fansels finyl draait.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.lawei.nl/kunst of www.iduna.nl.

april 8, 2019 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.