De (h)earlike jierren 50

april 23, 2019 08:46

Yn Mill-Langenboom, De Haach, Zaanstreek en Stedskanaal

Utstjoerings: tongersdeis 9, 16, 23 en 30 maaie 2019, 20.25 oere op NPO 2

Foto: Nationaal Archief, kolleksje Spaarnestad

Is der reden om werom te langjen nei de fyftiger jierren fan de foarige iuw? Yn aktuele diskusjes roppe dy jierren faak tsjinstridige reaksjes op. Foar guon stiet it desennium symboal foar in tiid dat it libben yn Nederlân noch goed wie; oersichtlik, feilich, mei it bekende ‘toutsje út de doar’. Oaren grize just by dat byld fan it desennium. Hja sjogge de benearjende boargerlikheid, de sunichheid, ien koekje by de tee. Mar Nederlân is minder idyllysk en minder statysk as de klisjeebylden wolle.

Yn de nije searje De (h)eerlijke jaren 50 sketst de NTR faninoar ferskillende bylden fan it libben yn dy tiid oan ’e hân fan fjouwer regio’s ferspraat oer Nederlân: de Brabânske plakken Mill en Langenboom, De Haach, de Zaanstreek en it Grinslânske Stedskanaal. Bewenners fertelle oer harren oantinkens en de feroarings yn de fyftiger jierren. Fleurige ferhalen oer de solidariteit ûnderinoar, it earste eigen hûs, gesellich om de radio hinne. Mar ek sombere ferhalen oer earmoed, strange hospita’s en it útwiuwen fan famyljeleden dy’t fuortgiene nei fiere oarden. It lân feroaret fluch yn dat desennium; yndustry, wenten, supermerken en skoallen wurde út de grûn stampt. Nei de earmoed earstoan brekt in nij en woltierich libben oan mei iiskasten, telefyzjes en brommers. Statistiken – yn gearwurking mei it CBS – yllustrearje de groei fan de ekonomy, de opkomst fan de konsumpsjemaatskippij en it ferdwinen fan de tradisjonele maatskippij. Dat hat oeral ynfloed, op it deistich libben en yn de mienskip.

Oflevering 1, 9 maaie 2019, 20.25 oere, NPO2: Mill-Langenboom, babyboom & emigraasje
It houlik is der om bern te krijen, dat is it boadskip fan de pastoar. Yn it roomske Noard-Brabân tilt it op fan de grutte húshâldingen. Fjouwerentweintich bern telt de húshâlding dêr’t de ‘kreaze froulju fan Mill’ yn opgroeie. En de húshâlding mei trije twalingen én in trijeling út it doarp hellet yn 1951 sels de Panorama. Foar al dy bern is der net folle takomst yn de neiste omjouwing. De pleatslike boeren hâlde de holle krekt boppe wetter; hja slachtsje har eigen bargen, tylje har eigen griente en binne op dy manier selsredsum. Mar mear sit der net yn. Dat part fan Noard-Brabân wurdt yn de fyftiger jierren sels offisjeel bestimpele as probleemgebiet. Dus geane in protte bewenners – stimulearre troch de oerheid – fuort, nei Kanada of Australië. Mei as gefolch heale fuotbaltiims en ferskuorde húshâldens.

april 23, 2019 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.