College Tour komt werom mei Matthijs van Nieuwkerk

april 7, 2019 09:16 Fernijd

NTR en BNNVARA wurkje gear foar de trochstart fan it populêre telefyzjeprogramma College Tour. Yn it programma meie studinten ûnder lieding fan in presintator in ynspirearjende gast fragen stelle. Yn it nije seizoen sil Matthijs van Nieuwkerk de presintator wêze.

College Tour is by de NTR ûntwikkele en grut makke troch Twan Huys, dy’t it programma betocht en fan 2007 oant maart 2018 presintearre. Doe’t Huys nei RTL gie, is de NTR op syk gien nei in nije presintator.

Willemijn Francissen, mediadirekteur fan de NTR: “Wy binne tige bliid dat Matthijs ja sein hat tsjin College Tour. En ek dat de kollega’s fan BNNVARA dêr yn meigean wolle. De NPO hat it ek noch in prachtich plak jûn op de sneintejûn op NPO 1. Wy hawwe, koartsein, alle reden om nei in nije searje út te sjen.”

College Tour set op snein 19 maaie útein mei fiif ôfleveringen op NPO 1.

april 7, 2019 09:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.