Cees Glashouwer winner Bernard Smilde Priis 2019

april 15, 2019 08:08

Op sneon 12 april, de tsiende Krúspuntdei, waard yn Akkrum de Bernard Smilde Priis útrikt oan Cees Glashouwer, emearitus dominy fan Harns. Hy wûn de priis mei in bysûnder liet: in oersetting yn it Hylpersk fan de Lofsang fan Marije, Liet 157a út Lieteboek– Sjonge en bidde thús en yn tsjerke (2015). Glashouwer hie in nije dichterlike tekst skreaun op basis fan de Grykske grûntekst sa’t dy te finen is yn it Evangeelje fan Lukas.

De oersetting is part fan in projekt dat útrinne moat op de publikaasje fan in blomlêzing yn de Hylper taal út dat lieteboek. Dêr wurdt oan wurke troch Cees Glashouwer en Wiebe Zoethout, dy’t ek belutsen wie by it krekt útkommen Graet Hylper Wordebook.
De sjuery foar de Bernard Smilde Priis 2019 bestie út dominy en musikus David de Jong (foarsitter), dominy Adri Terlouw en dichter Syds Wiersma. Der wiene dit jier mei-inoar 22 ynstjoeringen. It wie foar it earst dat in liet yn ien fan de streektalen fan Fryslân de priis krige, in feit dêr’t it bestjoer fan de Stifting Krúspunt tige mei ynnommen wie.

It winnende liet stiet yn it taheaksel en is ek te finen op ’e webside fan ’e Stifting Krúspunt: www.kruspunt.frl. Dêr wurdt meikoarten it sjueryrapport ek op set.

april 15, 2019 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.