Bysûnder en prachtich tulpeboek

april 26, 2019 10:46

Het Tulpboek

Yn de tiid fan de Hollânske tulpe- of bollegekte (1634-1637) waard in tulpekatalogus gearstald mei goed hûndert prachtige akwarellen. Der wurdt oannommen dat se fan Jacob Marrel (link) (1614-1681) binne. De nammen fan de tulpesoarten steane derby en foar it grutste part de wearde ek. Dat Tulpboek, dat nei alle gedachten yn it besit west hat fan Nicolaas Tulp, sil wol de iennige tulpekatalogus út dy tiid wêze dy’t folslein bewarre bleaun is. As it yn de ferkeap komt, sil it wol yn Amearika of yn ien fan de Arabyske lannen bedarje. Dêrom wol de Collectie Six besykje om it foar de eigen samling te behâlden.

It is in prachtich boek en it kostet in soad jild. Om it yn Nederlân te hâlden wurdt besocht om jild fan fûnsen te krijen en is der in spesjale publyksútjefte fan makke, dy’t net yn de boekhannel te krijen is. Mei goed hûndert prachtige yllustraasjes fan alle tulpen, oanfolle mei trije haadstikken fan ûnder oaren Geert Mak, is it in bysûnder boek om sels te hawwen of om wei te jaan. It telt 242 siden, is moai ynbûn en kostet € 24,95. It is koartlyn yn in beheinde oplage útkommen yn it Nederlânsk en it Ingelsk. It is te bestellen op www.vindmagazine.nl

april 26, 2019 10:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.