Bûtensteanders en it Podium fan de LC

april 16, 2019 15:19

Ynstjoerd

Wat him earst ôfspile
Yn har kollum (LC, 15-3-2019: ‘Fries’) skreau Kirsten van Santen dat de ‘great Frisian novel’ ek wol yn it Nederlânsk skreaun wurde koe, mar hja leaude dat in bûtensteander, lykas as hja harsels beskôget, dêr faaks neat fan fine mocht. De oare deis ferskynde der al in reaksje fan Kerst Huisman yn Ingezonden (LC, 16-3-2019: ‘Friese roman in het Nederlands’) dêr’t er yn ferkundige dat Stiefmoeder Aarde eins al de ‘great Frisian novel’ wie. Ik haw der ek op reagearre (LC, 19-3-2019: ‘Frisian literature’), mar myn ynstek wie in bytsje oars. Ik sjoch it as in (ûn-)bewuste oanslach om de betsjutting fan it attribút Frysk of Fries sa te feroarjen dat de taal der net mear ûnder falt. Sa kin Fryske literatuer dan ek Hollânsktalig wêze. It sil dan altemets wol betsjutte dat de skriuwer út Fryslân komt (nei alle gedachten wer net út East-, West- of Noard-Fryslân). Dêr bin ik tsjinyn gien. Mei Frysk tsjut ik nammentlik yn it foarste plak: ús taal oan. En dat ik dêr net in ekstremist yn bin, wurdt bewiisd troch in lyts tinkeksperimint: “pleats yn deselde sitewaasje ris foar it wurd Frysk it wurd Hollânsk en foar Hollânsk ien of oare taal, bygelyks Arabysk.” Dan feroaret de miening fan Van Santen yn: “De ‘great Dutch novel’ kin ek wol yn it Arabysk skreaun wurde.” Hoe singelier is dat? Sokke tinkeksperimintsjes mei ik wol oer, want se jouwe wol in helder ljocht op de saak, as immen besiket it Frysk del te dwaan. Rimmer Mulder kin der mar min oer. Hy fynt myn foarbyld mar nuver en my fanatyk (LC, 29-3-2019: ‘Buitenstaanders en eigenheimers’). Mei sokke wurden hawwe jo dochs rjocht op wjerwurd, soene jo tinke.

Net by de Ljouwerter Krante dus. Nei Mulder syn stik fûn de LC dat der wol genôch oer dit ûnderwerp skreaun wie. No oerkomt it my en ferskate oaren dy’t oer de posysje fan it Frysk skriuwe, allegeduerigen dat de LC de diskusje ôfkappet as de opponint syn wurdsje dien hat. En sa bliuwt by de lêzer – yn myn gefal – Mulder syn byld, dat wy nayf en fanatyk binne, hingjen. Sa is de krante net objektyf. Op himsels is dat ek wol te ferwachtsjen fan in krante dy’t sels de offisjele namme fan ús provinsje net brûke wol, om’t dy Frysk is en yn eigen artikels – op twa kollums nei – it Frysk beheint ta sitaten. Dat taalbelied stimulearret de ûntfrysking fan de lêzers, is diskriminearjend, anty-Frysk en net mear fan dizze tiid. Dus dat moat ek oars; nim no ris de ferhâlding Hollânsk-Frysk yn de famylje-advertinsjes as mjitstêf foar dyselde ferhâlding yn de redaksjonele stikken.

It neifolgjende artikel moast de lêzer ûntholden wurde.

Nederlanner, mar ‘buitenstaander’

Eltsenien, ek ‘buitenstaanders’ lykas frou Van Santen harsels beskôget, meie om my alles, ek ûnsin, skriuwe. Ik haw lykwols, lykas eltsenien, it rjocht om sokke ûnsin te bestriden. Dat foarop, want it is no al de twadde kear dat ik Rimmer Mulder (LC, 29-3-2019: ‘Buitenstaanders en eigenheimers’), korrizjearje moat op útspraken dy’t er my slûchslim taskriuwt, dy’t ik nea dien haw en dêr’t ik ek net efter stean. Myn ferliking mei in Arabyske roman dy’t foar de ‘great Dutch novel’ keazen wurdt, neamt er wûnderlik. No hie frou Van Santen yn har artikel allinne mar in ‘grutter publyk’ op it each om te bepleitsjen dat ‘the great Frisian novel’ dus wol yn it Hollânsk koe. En myn ferliking mei it Arabysk yn in tinkbyldige Nederlânske sitewaasje foldocht dêr út soarte ek skoan oan.

Mulder komt lykwols mei in nij argumint, dat mear hout snijt: it Hollânsk is hjir al hiel lang de dominante skriuwtaal. Krekt, mar hear Mulder, hoe is dat sa kommen? Al 200 jier lang moatte ús bern, neffens de ‘wet’, yn it Hollânsk lêzen en skriuwen leare en wurdt harren dat yn it Frysk ûntkeard. De Friezen sels hawwe dêr feitlik nea wat oer te sizzen krige fanwegen de like âlde eangst fan de Haachske reginten dat it mei de opleine ‘nasjonale ienheidssteat’ wolris op ’e non rinne koe fanwegen it besteande taalferskaat: ‘één land, één taal’ wie it biedwurd. Sa learden en leare Fryske bern tagelyk dat der yn Nederlân twa soarten minsken binne: dejingen waans bern wól ûnderwiis yn de eigen taal krije en dejingen fan wa’t de memmetaal net goed genôch achte wurdt foar it ‘echte’ grutte libben. En sadwaande leare se ymplisyt dat ek harren ‘identiteit’ minderweardich is oan dy fan Hollânsktalige bern en dat harren plak en dat fan it Frysk hielendal efteroan yn de rige is.

Dêr is it troch kommen dat Theun de Vries it yn-en-yn-Fryske ferhaal fan ‘Styfmem Ierde’ yn de taal fan de boppebazen skreaun hat en net yn syn memmetaal. Hied er foar de eigen taal, de taal fan it hert, kieze kinnen, dan wie syn literêr talint grif ta jit hegere hichte riisd en wie it in noch folle moaiere roman wurden. De net-Fryske Nederlanners hienen dêr dan ek fan profitearje kinnen, om’t de Hollânsktalige oersetting grif folle better west hie as it Hollânske orizjineel fan no.

Lykwols hie Theun de Vries der fêst noch minder eare mei ynlein as no foar Stiefmoeder Aarde, want it soe yn de kategory ‘vertaald werk’ komme en dat falt bûten de literêre prizen. Mar soe dan de oarspronklike Frysktalige roman net ‘the great Dutch novel’ wurde kinnen hawwe? No, dat perfoarst net, want foar de ‘Nederlandse literatuur’ is it Frysk ‘een vreemde taal, nou ja in ieder geval geen “Nederlandse taal”’. Fryslân mei dan wol yn Nederlân lizze en Friezen meie der sels in hûs kocht of bern krige hawwe, dat jout harren noch net it rjocht om diel út te meitsjen fan de ‘Nederlandse literatuur’. Foar dy klup sille hja jimmer ‘buitenstaanders’ bliuwe.

Fine jo ek dat alle bern lykweardich binne en dat Fryske bern it rjocht hawwe om yn harren memmetaal goed lêzen en skriuwen te learen, dan kinne jo dat merkbite litte troch mei te dwaan oan de demonstraasje fan de ‘Ried fan de Fryske Beweging’ en ‘Sis Tsiis’ op 26 juny yn De Haach. Dan befreget de Fêste Keamerkommisje minister K.H. Ollongren oer de soarchplicht fan it Ryk foar it Frysk. Wy litte in bus ride en dat kostet jo neat. Jou jo op by sistsiis@hotmail.com en jo hearre fan ús wêr’t jo opstappe kinne (sjoch foar mear ynformaasje: https://www.itnijs.frl/2019/03/oprop-oan-alle-minsken-dyt-it-frysk-in-waarm-hert-tadrage/).

Piter Dykstra, Mitselwier,
docht ek mei oan BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’

Hjirûnder folget de korrespondinsje mei de redaksje fan de ‘podium’-siden fan de LC.

(2 april)

Achte redaksje,

Tige tank foar it pleatsen fan myn ynstjoerd ‘Ús mem, wat oars?’ Dy trije stikjes nêst elkoar , fan Sido Martens, Rimmer Mulder en my bylken och sa kreas.

Dat Mulder nei my úthellet as fanatike strider foar Frysk ûnderwiis, freget fansels wol om replyk. Dat hie om my ek noch in skoftke duorje kinnen, mar der is ek in demonstraasje kommendeweis, ditkear yn De Haach. En sadwaande kombinear ik opinystik mei nijs (no ja in oprop).

Soene jimme der noch plak foar fine kinne? Yn ‘t foar tige tank.

Mei freonlike groetnis,

Piter Dykstra

 

Op wo 10 apr. 2019 om 20:34 schreef Piter Dykstra <piter@dykstra.frl>:

Achte redaksje,

Op 2 april haw  in reaksje jûn op in úthaal fan Rimmer Mulder nei my. Hy neamde my fanatyk, mar slimmer is dat er my mieningen yn ‘e mûle leit, dy’t ik nea utere haw en ek net oanhingje. Yn dit gefal: dat Kirsten van Santen har stil hâlde moat (of ‘haar plaats moet kennen’). Soks sis ik hielendal net; elts mei sizze en skriuwe wat er/se wol, mar dêr meie jo wol replyk op dwaan.

Dat wie no de twadde kear dat Rimmer Mulder soks docht by my. Earder skreau hy yn syn artikel fan 19 oktober dat ik fine soe dat der in Hollânsk plan efter sit om it Frysk leech te hâlden. Ik leau net yn sa’n plan en soks haw ik ek nea skreaun. Dat is ek korrizearre yn myn Te Gast fan 26 oktober.

It punt is dat Mulder my mei dat soarte nuvere foarstellings fan saken belachelyk besiket te meitsjen om him der sels sa út te rêden. Ik soe hawwe wolle dat er de diskusje suver hâldt en op myn arguminten yngiet. Dan kinne jo teminsten in debat op nivo hawwe.

Mar no’t ik nei in wike myn reaksje noch net yn de krante sjoen haw, begjin ik my wat soargen te meitsjen. Is it jimme wat ûntkommen? Of binne jimme net (mear) fan doel om it te pleatsen? Yn dat lêste gefal soe ik dat tige kwalik fine, want dan soe de Ljouwerter der (passyf) oan mei wurkje om myn namme min te meitsjen. Dêr gean ik fuort noch net fan út, mar ik soe der perfoarst wol graach jimme stânpunt oer fernimme wolle.

Mar faaks stiet it moarn al yn de krante. Dan soe it goed wêze om de ferzje te brûken dy’t ik no meistjoer, want ûnderwilens is de datum fan it oerlis tusken de Keamerkommisje en de minister fan Ynlânske Saken ferskood fan 24 april nei 26 juny.

Mei rju achtinge,

Piter Dykstra

 

Op 11-04-19 om 08:51 schreef ingezonden LC:

Achte hear Dykstra,

Mei alle begryp foar it ferlet dat jo fiele en reagearje op Rimmer Mulder syn opinystik, moat ik sizze dat it LC-Podium ek wer net bedoeld is om persoanlike duels mei de pinne út te fjochtsjen oant de lêste tsien tellen.

Kirsten van Santen hat har miening publyk makke, jo hawwe dêr wiidweidich op reageard, Rimmer Mulder hat as geregelde gast op ús opinysiden syn miening jûn oer ‘bûtensteanders en eigenheimers’ en yn deselde krante krigen jo ek wer de romte om immen yn de hoeke fan ‘selsbeneamde keunstpausen’ te setten.

Sa is der geregeldwei romte om fan alles te finen en ek wolris om immen oars in pripperke út te dielen, mar as ien yn sa’n duel in skoudertriuwke krijt, betsjut dat net dat hy of sy automatysk rjocht hat op wer in nije spylrûnte.

It liket my net yn it belang fan de lêzers fan ús opinysiden om hjir op de Podium-siden noch in kear safolle romte foar frij te meitsjen.  Jo werwurd oan Mulder wol ik fansels wol oan him trochdwaan, en dat haw ik fan ‘e  moarn dan ek dien. Fierder hoopje ik dat wy de lêzers fan  Podium no mar wer genôch oare mieningen foarsette kinne.

Freonlike groetnis,

redaksje Podiumsiden Ljouwerter Krante

Fedde Dijkstra

 

Achte hear Fedde Dijkstra,

Tankewol foar jo reaksje. Ik wol der noch wol in pear opmerkings oan jo oer kwyt.

It is fansels oan de redaksje fan de LC om út te meitsjen hokker stikken as se al of net pleatse wol en dat de krante wol of net it toaniel wêze wol fan persoanlike duels. It is  my ek al folle faker oerkommen, dat in bydrage fan my krekt ien tefolle wie en dat my it werwurd ûntsein waard. Dat ferskynsel bin ik dus fertroud mei.

Mar yn it lêste gefal hie ik twa  nije saken te melden: (1) dat it bûtensteanderskip net de neikommelingen tafalt, mar krekt oarsom: de Friezen sels en (2) dat der in manifestaasje oankundige waard. En dêrom hie ik der dizze kear al op rekkene dat it stikje pleatst, wurde soe.

Gjin hûndert persint ferwachting fansels, want wy witte beide fan de oaljefant dy’t hjir yn de keamer stiet. Jo en noch in kollumnist meie dan yn de foarstelike posysje by de LC ferkeare, dat jimme Fryske stikken skriuwe kinne. Mar jimme oare kollega’s meie net fierder komme as in inkeld wurdsje Frysk of in Frysk sitaat. It taalbelied fan de krante, dy’t de offisjele namme fan ús provinsje sels net brûke wol, om’t dat in Fryske namme is, is folslein op de hân fan de boppelizzende taal en har sprekkers. Wa’t dat tema lykwols ris oanrekket yn in artikel, kin der wis fan wêze dat it net yn de LC pleatst wurde sil; dat is myn ûnderfining. (It (sloppe) argumint wie dat de krante sels net it objekt fan diskusje wêze wol.) Ik bin der dêrom alle kearen al bliid mei dat in Frysktalich stik fan my wol troch de sinsuer komt.

De LC fynt dat it tsjin it belang fan de lêzers fan de ‘Podium’-siden is om der mear romte oan te jaan en de LC wol se graach oare mieningen foarsette. Dat sjoch ik as ‘Podium’-lêzer fansels hiel oars. Hawwe jimme altemets in stream fan berjochten krigen fan minsken dy’t beswier tsjin mear stikken mei de strekking fan myn stik? Ik tink it net; ik hâld it mar op it dochs wol slim anti-Fryske belied fan de LC. Ik woe mar ris neigean, hoe’t myn stik en jimme reaksje, falt by in oar poadium. Faaks hat ‘It Nijs’ der wol de romte foar en boppedat kinne de lêzers der dan daliks harren miening oer kwyt. Sa krije wy op syn gausten in idee fan hoe’t it by de minsken falt.

Mei freonlike groetnis,

Piter Dykstra

april 16, 2019 15:19
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. mbc84 april 18, 23:25

    Dy’t gjin Frysk praat/prate kin/prate wol, is gjin Fries foar my. Punt, gjin diskusje, gjin útsûnderingen. Wol net sizze dat der gjin Hollânsktaligen yn Fryslân wenje kinne of meie, mar it Frysk heart de foarste taal te wêzen. Wolst Hollânsk, dan is dêre it gat fan ‘e doar, dêrjinder is genôch romte om dat Hollânsk fan dy te praten…

  2. Kerst Huisman april 22, 11:44

    Ik moat efkes yngean op it begjin, dêr’t myn ynstjoerd stik oer de ‘great Frisian novel’ op it aljemint komt. Ik hoopje net, dat Piter Dykstra myn idee, dat wy mei ‘Stiefmoeder Aarde’ fan Theun de Vries al lang dy grutte Fryske roman hawwe, beflapt ûnder anti-Fryskens of sokssawat. Piter skriuwt: Mei Frysk tsjut ik nammentlik yn it foarste plak: ús taal oan. Dat sjoch ik oars. ‘Frysk’ is foar my in folle breder begryp. Dêr heart ek in mentaliteit by, dy’t him uteret – en yn de rin fan de skiednis utere hat – yn maatskiplike, politike en godstsjinstige bewegingen. Dêr heart ek it kompleks fan lân en skiednis by. De woartels dêrfan binne hiel âld. It is in saak fan wat de bekende Frânske histoarikus Fernand Braudel de ‘longue durée’ neamd hat. De lange doer dus, en dy giet yn de Fryske skiednis hiel fier tebek, nei de terpetiid en de ivige oanwêzigens fan de see, as freon en ek as fijân. En miskien sels noch wol fierder tebek, de betide terpetiid doe´t de ûnbidich grutte ferlitten iensumens fan de ûnbewenne kwelderflakte yn besit nommen waard. Fansels, der is ek in doer fan de middellange tiid, en ien fan de koarte tiid. Braudel neamde dy, fan jong nei hiel âld courte durée of le temps évènementiel, de moyenne durée of le temps conjoncturel en de longue durée of le temps structurel. Yn de Fryske sitewaasje soest ferskynsels as Alvestêdetocht, fierljeppen en it fuotbal yn de tiid fan Abe Lenstra en Foppe de Haan ta de koarte doer rekkenje kinne, it keatsen en de taal ta de middellange doer en it lânkip en de see ta de lange. Krekt hjirom fyn it de Fryske taal net sa´n absolút identiteitsskaaimark as Piter Dykstra liket te tinken. Krekt dêrom doar ik ´Stiefmoeder aarde´ in Frysk boek te neamen. Dit wol net sizze, dat ik ús taal net wichtich fyn. Krekt wol, mar as ien fan de skaaimarken fan de Fryske identiteit, net as it skaaimark by útstek. Ik tink sels dat sa de klam lizze op de Fryske taal yn dit debat de taal úteinlik grutte skea docht.

  3. Piter Dykstra april 30, 12:30

    Wat de betsjutting fan ‘Frysk’ oangiet, bin Ik it folslein mei Kerst iens as it oer in folle algemienere kontekst giet lykas de ‘Fryske identiteit’. Mar yn dit gefal gie it oer ‘Fryske literatuer’ en de frage: ‘Kin dy ek Hollânsktalich wêze?’. As jo dêr ‘ja’ op sizze, beskôgje ik dat as in oanfal op ús memmetaal.
    In stêdsjer, in Biltker of in Stellingewerver mei him-/
    har-sels om my mei alle leafde Frysk neame. En alle respekt foar minsken dy’t grutsk binne op alles wat hja ta harren identiteit rekkenje.
    Mar as hja harren sels Frysk neame om’t hja hjir in hûs kocht hawwe en bern krigen hawwe, lykas Kirsten van Santen, en tagelyk fine dat de Fryske taal der net ta docht en wol ferfongen wurde kin troch Hollânsk, dan is by my dy leafde ek yn ien kear oer.
    Jin Frysk fiele kin tal fan gradaasjes hawwe; jo kinne lykwols mar ien fan beide talen, Frysk of Hollânsk, tagelyk brûke; dat is wol binair. In kar foar de iene taal is ek in kar foar it plak fan dy taal yn ús mienskip en dêrmei in kar tsjin (it plak fan) de oare taal. It brûken fan in mjukseltsje fan beide talen yn guon sitewaasjes is al tekenjend yn dit ferbân. Sadwaande wol ik ús beide deibledden ek fergje op harren pro-Hollânske (= anty-Fryske) hâlding.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.