Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 25

april 1, 2019 07:00

Kollum

Klimaatmigraasje

Minsklike migraasje is de geografyske ferpleatsing fan minsken fan ien plak nei in oar plak ta mei de bedoeling om har op ’e nije lokaasje tydlik of foargoed nei wenjen te setten, sa leart ús de Wikipedy. In protte minsken tinke dat der troch de klimaatferoaringen op grutte skaal migraasje yn de wrâld op gong komme sil. De belangrykste faktoaren binne: itenskrapte, ferwoestingen troch orkanen en oermjittige reinbuien. Oarloggen dy’t ûntsteane troch krapte oan grûnstoffen sille de migraasje ek op gong bringe. Dêr kin men jin earst wat by foarstelle as men yn lannen komt dêr’t soks al spilet.

Yn Nederlân hawwe wy noch amper swierrichheden dy’t net op te lossen binne. As it reint falt der mear yn in koartere tiid en der binne drûgere perioaden as normaal. Dat wurdt goed metten en is dus goed begryplik te meitsjen. Krekt as de temperatuer yn ús lân. It is dúdlik dat we yn ús lân al twa graden waarmer libje as sa’n tritich jier tebek. De trochsneed temperatuer yn Paris fan tritich jier lyn is no dy yn Fryslân. Klimaatmigraasje soe men dat neame kinne.

Dat klinkt op himsels noch net sa gek foar ús, mar it liket noch mar it begjin. De oarsaak dêrefter is it minsklik hanneljen. Dêr twivelje ik net oan. Bewizen binne der by it soad. Dochs binne der mear minsken as ik ferwachte dy’t dat betwivelje en fan betinken binne dat wy dêr as lyts lân neat oan dwaan kinne. Dy miljarden soene we better oan oare dingen besteegje kinne. Dêr wurdt by fergetten dat dy ynvestearringen wis wol ek harren wearde hawwe. Der sitte nochal wat positive kanten oan. Wynmûnen binne yn ús lânskip net echt winsklik, mar yn Fryslân is dêr op plakken in soad draachflak foar en dêr soe it dus bêst kinne.

Huzen enerzjyneutraal meitsje is gjin technysk keunststikje mear en leveret sels jild op foar de bewenners. En nije banen, banen foar in skjinnere omkrite. Auto’s mei fossylfrije brânstoffen binne stiller en skjinner en fan takomme jier ôf ek te beteljen.

De nije politisy yn Fryslân foar Wetterskip en Provinsje binne no keazen en ynstallearre. De kolleezjeprograms foar de kommende fjouwer jier wurde noch foar de simmer skreaun. It omtinken foar it klimaat hat yn de ferkiezingstiid noch nea sa grut west. Dat komt derfan as in protte minsken (politisy dus ek) deroer yn noed sitte. Wy sille sjen dat Fryslân yn dy programs in koprinnersposysje ynnimme wol. En dat kin maklik; winliken hawwe wy dy posysje al. Dat der mear as hûnderttûzen minsken yn 2018 oan de Alvewegetocht meidiene, is dêr in lyts bewiis fan. Tink ek oan al dy enerzjykoöperaasjes, de Freonen fan FossylFrij Fryslân, Sirkulêr Fryslân, de Kening fan de Greide en de inisjativen om Fryslân yn tsien jier om te tsjoenen yn in Blauwe Sône.

Lit ús hoopje dat de politisy de knoppen fine om dat proses út te bouwen. En al soene wy dan in muorre om ús provinsje hinne bouwe omdat elkenien hjir wenje wol… Lit ús dy kant op gean! Swierrichheden binne der ommers om oplost te wurden

april 1, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.