Bestjoersôfspraak 2019-2023

april 10, 2019 10:22

Bestjoersôfspraak 2019-2023 (BFTK’19-’23)

troch Thom Dijkstra en Aant Mulder

Ryk en Provinsje ha sûnt 1989 de gewoante om yn BFTK’s (Bestjoersôfspraken Frysk Taal en Kultuer) ôf te praten wat se hieltyd yn de folgjende perioade fan fiif jier foar it Frysk dwaan sille. Yn 2018 kaam wer sa’n BFTK ta stân foar it tiidrek 2019-2023. Op 30 novimber 2018 waarden hantekens set troch kommissaris Brok en minister Ollongren fan Ynlânske Saken. It wurdt sa stadichoan in hiele tradysje, in tradysje dy’t alle kearen weroan te min opsmyt. Wa’t it goed mei it Frysk foar hat, kin net oars as perioade nei perioade deselde konklúzje lûke. Der wurdt te min ôfpraat en dat wat ôfpraat wurdt, wurdt ornaris net helle. Dat is teminsten de ûnderfining fan de Ried fan de Fryske Beweging (de Ried). It docht ek bliken út de trijejierlikse ûndersiken fan de Europeeske kommisje dy’t rapportearret oer de útwurking fan it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen.

De Ried wol dy gong fan saken graach trochbrekke. Dêrom hat de Ried de âlde BFTK 2013-2018 nochris goed bestudearre en opskreaun wat der eins yn de nije BFTK foar 2019-2023 stean moatte soe: in skaad-BFTK. De opset, ynhâld en útwurking waarden foarmjûn sa’t BFTK’s fan Ryk en Provinsje foarmjûn wurde. Dy Skaad-BFTK fan de Ried wie al klear doe’t de nije BFTK fan Ryk en Provinsje noch kommendeweis wie. Dat wie fansels de bedoeling! De Ried woe graach berikke dat de Skaad-BFTK noch fan ynfloed wêze koe op dy nije en offisjele BFTK. Dêrom krige dat dokumint fan de Ried de ûndertitel mei fan Dúdlike doelen foar in Fryske takomst en waard it op 27 juny 2018 oan deputearre Sietske Poepjes oanbean. Hja wie fergulde mei de Skaad-BFTK, sa as se sei. Se neamde dat dokumint sels in Sinne-BFTK. Dat rôp ferwachtingen op, mar de sinne skynt noch net!

De Skaad-BFTK

Yn de Skaad-BFTK wurdt ynset op lykweardigens en lykberjochtiging fan de beide talen yn de provinsje Fryslân, sa’t dat yn de nota Fan Geunst nei Rjocht – troch Provinsjale Steaten yn 1985 oannommen – al ôfpraat waard.

Wat it ûnderwiis oanbelanget heart dêr in folweardige trochgeande learline fan pjutten oant en mei universiteit by. Foar bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken betsjut dat dat beide talen likefolle brûkt wurde. Foar basisskoallen hâldt dat yn dat de kearndoelen Frysk lyk binne oan dy foar it Hollânsk en dat safolle mooglik learlingen dy doelen helje. Foar it fuortset ûnderwiis wurde twa lesoeren Frysk wyks en it Frysk as gewoan eksamenfak neamd. Learkrêften basisûnderwiis ha of helje it foech Frysk. Yn it fuortset ûnderwiis en fierder moat der foldwaande kwalifisearre ûnderwizend personiel foar it Frysk wêze. Hoe’t it Frysk yn middelber en heger beropsûnderwiis omtinken krije kin, kriget ek omtinken.

Wat it rjocht, bestjoer en iepenbiere tsjinsten oanbelanget wurdt yn de Skaad-BFTK steld dat Frysktalige ynwenners fan de provinsje yn kontakt mei de neamde tsjinsten gewoan Frysk prate en skriuwe kinne moatte, dêrta útnûge troch amtners en bestjoerders dy’t har mei kennis fan saken Fryskfreonlik opstelle en dat ek sichtber meitsje.

Foar it Frysk yn de media, de tradisjonele likegoed as de nije, wurdt mear omtinken frege rjochte op de earder neamde lykweardigens fan de beide talen. Tagelyk soe besocht wurde moatte om troch kursussen mear omtinken foar de kwaliteit fan it brûkte Frysk te hawwen. In Fryske periodyk foar in brede doelgroep soe net ferkeard wêze. De Ried is grut foarstanner fan Fryslân as in selsstannige kulturele regio, dêr’t Fryske taal en kultuer in lykweardich plak yn ha. Foar kulturele aktiviteiten en foarsjenningen soe it brûken fan it Frysk in subsydzje-eask wêze kinne. It seit himsels dat yn wolwêzen- en soarchynstellingen omtinken is foar it Frysk, as soe it allinne mar wêze om’t it gauris de memmetaal fan kliïnten is. Fierder soene bedriuwen stipe wurde kinne om it Frysk mear te brûken. Foarljochting is fan belang en dat jildt ek as it giet om kontakten oer de grinzen hinne.

Dy ferwachtingen op grûn fan de opstelde Skaad-BFTK waarden spitigernôch op gjin stikken nei wierheid. In kreas dokumint, dy nije BFTK ’19-’23, dat wol, mei in hiele protte goede bedoelingen, mar net folle konkrete maatregels. As doelen neamd wurde, – sa as foar ûnderwiis bygelyks – dan hoege dy pas om 2030 hinne helle te wurden. Dat is te min en wy kinne mei-inoar fan tinken wol ha dat it folgjende ûndersyk fan de kommisje dy’t rapportearret oer de útwurking fan it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen foar Fryslân wer ta deselde konklúzjes komme sil. Ryk en Provinsje sille wer tekoartsjitte.

De Ried is fan miening, dat de skaad-BFTK yn ’e rjochting fan it Provinsjaal Bestjoer (steateleden. deputearre steaten, kommissaris fan de kening) net opsmiten hat wat ferwachte waard. As de Provinsje oansprutsen wurdt op har ferantwurdlikens, wêrom it Ryk dan net? Ofpraat waard om te dwaan wat faaks al earder moatten hie, net allinne de Provinsje oansprekke op de kwaliteit, mar ek it Ryk. Op tiisdei 18 desimber reizge in delegaasje út Fryslân nei De Haach om de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken in petysje oan te bieden. De delegaasje fan de Ried krige de tasizzing, dat de kommisje oangeande de BFTK fragen stelle soe oan de Minister. Dat is wilens bard.

De petysje

Yn de petysje mei in gearfetting fan de Skaad-BFTK komme sân punten oan de oarder:

  1. Fryslân moat in selsstannige bestjoersienheid bliuwe en tagelyk in selsstannige kulturele regio wurde.
  2. Wat it ûnderwiis oanbelanget fynt de Ried in rintiid fan 11 jier oant 2030 sûnder dúdlike tuskendoelen gjin goede saak, omdat soks ta útstelgedrach by skoallen liede kin foar it realisearjen fan in lykweardige en lykberjochtige posysje fan it Frysk yn har ûnderwiisprogramma’s. Boppedat jildt dizze BFTK ’19-’23 mar oant 2023.
  3. De Ried hat beswier tsjin de draachflakkonstruksje yn it ûnderwiis as soks betsjut, dat gjin rjocht dien wurdt oan lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk. Sa’n konstruksje jildt foar gjin inkeld oar fak.
  4. It Frysk kriget yn alle learjierren fan it primêr, fuortset en MBU-ûnderwiis yn ús provinsje in ferplichte status.
  5. De ûnderwiisynspeksje beoardielet it ûnderwiis yn it Frysk neffens de Ried op deselde wize as it Hollânsk.
  6. In aktive behearsking fan it Frysk heart foar funksjonarissen yn bestjoer, rjochtspraak en oare iepenbiere tsjinsten yn Fryslân in funksje-eask te wêzen.
  7. Yn it ramt fan de beskerming en befoardering fan it Fryk jout de oerheid finansjele stipe oan de (Fryske) media en oan in breed algemien Frysktydskrift.

It brief fan de Minister op fersyk fan de Keamerkommisje

Minister Ollongren jout yn har brief fan 31 jannewaris 2019 oan de Twadde Keamer in wiidweidige reaksje op de skaad-BFTK fan de Ried ferlike mei de offisjele BFTK ’19-’23. De  reaksje bliuwt frij algemien en guon saken binne yn har antwurd gewoan fuortlitten. Hja is it iens mei de troch de Ried bepleite status fan de provinsje foar it Frysk en sjocht de taal net allinnich as in rjocht, mar ek as in fanselssprekkendheid. It jiertal 2030 as stip op ’e kym achtet hja gjin probleem, mar hja is it mei de Ried iens, dat skoallen yn it Fryske taalgebiet net it foech ha om sels in kar te meitsjen wat it ferplichte oanbod Frysk oanbelanget.
It troch de Ried bepleite tafersjoch fan de ynspeksje foar it Frysk – lyk oan dat foar it Hollânsk – beänderet hja mei in ferwizing nei de BFTK. Wat dêr stiet strookt lykwols net mei de oanpak foar ‘Nederlandse taal’ sa as omskreaun yn de offisjele rjochtlinen. Sûnder in negatyf antwurd te jaan docht de minister dus gjin tasizzing op de fraach fan de Ried.
De winsk fan de Ried om it brûken fan it Frysk yn rjochtspraak en bestjoerlik ferkear better te ymplemintearjen wurdt beändere mei sinskonstruksjes mei in heech gehalte oan tiidwurden as ‘streven’, ‘ondersteunen’, en – mei ferwizing nei it steatsrjocht- ‘geen directe afspraken’.

It seit himsels, dat de Ried teloarsteld is yn it wol slim algemiene antwurd dat dus ek net folslein is. Ut de kontakten mei keamerleden kaam de fraach om neiere ynformaasje. Okkerdeis hat de Ried dêrom in brief stjoerd oan de leden fan Fêste Keamerkommisje en yn ôfskrift oan de steateleden fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn dat brief fan 7 febrewaris 2019 reagearret de Ried op it skriuwen fan de minister.

De Ried stelt yn de antwurdbrief dat sichtberens fan grut belang is en dat it Ryk dêr sels in belangrike rol yn spylje kin as it giet om gebouwen en materiaal fan de ryksoerheid, rykstsjinsten en bestjoersorganen.
Wat it ûnderwiis oanbelanget wurdt opnij de lykweardigens fan de beide talen oan ‘e oarder steld. Nei hast 40 jier ferplicht ûnderwiis yn it Frysk is altyd noch mear as trijekwart fan de Friezen net by steat om de eigen taal te skriuwen. It kin net sa wêze dat skoallen sels oer it ûnderwiis yn dat ferplichte fak beslute. Dat doocht prinsipieel net. Dat it Frysk gjin diel útmakket fan de Eintoets Basisûnderwiis likemin. Dêr docht dúdlik út bliken dat de ynspeksje beide talen net gelyk behannelet. Dat moat oars.
Wylst earder tasein waard dat ôfspraken oangeande de rjochtspraak makke wurde koene, wurdt no steld dat soks net kin. Dat freget om in neiere útlis. Dan soe ek oan ’e oarder komme kinne wêrom’t noch hieltyd net dat wat yn it Frysk sein wurdt ek yn it Frysk opskreaun wurdt. Oan de ein fan it brief stelt de Ried dat it in goed ding wêze soe dat der in ôfdieling Fryske Saken komt. Dat soe de soarchplicht fan it Ryk ta ’n goede komme.

De Ried giet der fan út dat de kontakten mei de leden fan de Fêste Keamerkommisje de diskusje oer it Frysk te’n goede komme sille. Ynset is dat troch dy kontakten wat foar it Frysk te berikken en sa de Ryksoerheid oan syn soarchplicht te hâlden .

Foto’s: Aant Mulder

Thom Dijkstra en Aant Mulder skreauwen dit artikel út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging. It waard earder publisearre yn it Friesch Dagblad fan 7 maart 2019.

 

april 10, 2019 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.