Berne-opfang ‘Poppestien’ Burgum behellet sertifikaat twatalich wurkjen

april 19, 2019 11:52

Op moandei 15 april wie it feest by berne-opfang Poppestien yn Burgum. De lokaasje fan organisaasje Kinderwoud Kinderopvang wurket sûnt 2015 mei in belied dat derop rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen.

Foto: Jitske Krol/SFBO

Poppestien hat it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en dat mei de âlden en de bern fierd. Wethâlder fan Tytsjerksteradiel Andries Bouman hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ oan de pedagogysk meiwurksters oerlange. Oanslutend wie der in foarstelling foar de bern; Riemkje Hoogland hie de ferteljas oan.

Poppestien en twatalichheid
Kinderwoud Kinderopvang, dêr’t Poppestien ûnder falt, biedt ûnder oaren pjutte- en berne-opfang oan yn in grut part fan Fryslân. 32 fan de lokaasjes wurkje mei in twatalich belied en dêrfan binne tal fan lokaasjes sertifisearre. Berne-opfang Poppestien dielt in gebou mei pjutte-opfang Poppestien oan de Mr. Oppedyk van Veenwei yn Burgum.

Ien fan de wichtichste kritearia om it sertifikaat behelje te kinnen is dat alle pedagogysk meiwurksters ien fêste taal brûke tsjin elkenien. Troch taal sa oan te bieden en net nei de taal fan it bern te skeakeljen, leare de bern talen goed oan. By Poppestien hawwe alle pedagogsyk meiwurksters har der tige foar ynset op dy wize te wurkjen. De beide talen krije dêrnjonken ek omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Poppestien west te sjen. Der waard sjoen nei ûnder mear it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer it pedagogysk taalklimaat skriuwt de kommisje ûnder oaren: “Yn de 3+groep binne Annet en Fokje drok dwaende mei 5 pjutten. Se ha allegearre in katalogus mei boartersguod krigen. Der meie se sels útknippe wat se moai fine en dan opplakke op de sek fan Swarte Pyt. Annet ferwurdet alles: “Hasto al wat moais fûn? Wat is dat? Ja, Bumba. Meist dat útknippe. Hâlde we it bledsje tegearre beet: skjirre iepen, keurich hear. Meist it ek wol skuorre, dan moat der oan de efterkant in bytsje lym. Sjoch sa kin dit yn de sek plakke. Bliuwt it moai sitten. Ik sjoch wol do hast thús ek wol faker oan it knippen en plakken west. Dat dochsto hiel goed”. En sa wurde alle bern oansprutsen op harren eigen nivo mar wol op in hiele positive manier.”

By it sertifisearringstrajekt kriget Poppestien begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. Dêr binne goed 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit troch.

april 19, 2019 11:52
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. RobMokum april 19, 13:12

    Eins spitich dat dit nijs is. Frysk soe altyd sprutsen wurde moatte op in skoalle of bdf. En dan noch net iens njonken it Nederlânsk (en sels Engelsk). Der is neat mis mei in folslein Frysktaliche skoalle/bdf. Nederlânsk wurdt dochs wol letter leard. Dat klamlizze op twa/trijetaligens is neat oars as de moderne polityk korrekte ferzje fan “net te folle Frysk”.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.