Basken en Katalanen aanst mooglik yn Spaansk regear

april 29, 2019 19:40

Ofbylding: Wikipedia/NordNordWest – lisinsje CC BY.SA 3.0)

Der is in grutte kâns dat partijen dy’t de ûnôfhinklikens fan Baskelân en Kataloanië neistribje ynkoarten diel útmeitsje fan it Spaanske regear. It giet om it Katalaanske ERC en it Baskyske PNV. Snein giene de Spanjerts nei de stimbus ta. De opkomst wie mei goed 75 persint tige heech.

De wichtichste politike ferskowing is de opkomst fan it rjochts-populistyske Vox, dat tige Spaansk-nasjonalistysk is en him profilearret mei de striid foar it behâld fan it bollefjochtsjen en oare Spaanske tradysjes. Vox is der o sa op tsjin dat Spaanske regio’s mear te sizzen krije. De partij hat in soad kiezers weihelle by de Partido Popular, de grutte konservative partij yn Spanje, dy’t tradisjoneel ek fûl foar de Spaanske ienheid is. Mariano Rajoy fan de Partido Popular wie de minister-presidint dy’t yn 2017 yn reaksje op de Katalaanske ûnôfhinklikheidsferklearring it parlemint fan ‘e dielsteat ûntbûn en dy ûnder direkt Spaansk bestjoer pleatste.

Net allinnich de ferheging fan it minimumlean en oare sosjaal-eknomyske maatregels, mar ek dy ferskowing by de konservative partijen hat der mei foar soarge dat de sosjaal-demokratyske PSOE de grutste partij yn it Spaanske parlemint wurden is. De partij kriget likernôch 29 persint fan ‘e sitten en wol it leafst regearje mei it links-aktivistyske Podemos. Tegearre hawwe dy partijen lykwols gjin mearderheid en de kâns is lyts dat se mei ien fan ‘e rjochtse partijen in regear foarmje sille. De ERC en de PNV kinne de koälysje wol oan in mearderheid helpe en de kâns is grut dat de partijen besykje sille om sa’n regear te foarmjen.

Pedro Sánchez Pérez-Castejón, de hjoeddeiske minister-presidint, wurdt nei alle gedachten fannijs lieder fan it kabinet. Hy hat te witten dien dat er wol mei de regionale partijen regearje wol, mar dat it regear him wol oan ‘e grûnwet hâlde moat. Dat hâldt yn dat wat him oanbelanget in opsplissing fan Spanje yn lytstere steaten net oan ‘e oarder is. Mooglik moat er dan wol in soad ekstra rjochten en jild foar Baskelân en Kataloanië tasizze yn ruil foar regearingsdielname.

Folslein wis is it noch net dat de ERC en PNV meiregearje sille. Der is nammentlik noch in opsje: dat de PSOE mei de rjochtsere partij Ciudadanos in regear foarmje sil. Dat is net Sánchez syn earste kar. Boppedat hawwe de partijen PSOE en Ciudadanos inoar yn ‘e ferkiezingskampanje fan in soad raars beskuldige.

april 29, 2019 19:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.