Andere Tijden: In oankundige fleanramp

april 16, 2019 09:00

Oer de SLM-flecht 1989 – útstjoering: woansdei 17 april, 21.15 oere, NPO 2

Foto: @Rob C. Croes-Anefo

Op woansdei 7 juny 1989 stoart by tichte mist in passazjiersflecht fan SLM del by Zanderij yn Paramaribo. It tastel fleant te leech en rekket de beamtoppen. It rôlet om de lingte-as en stoart om 04.27 oere pleatslike tiid ûndersteboppest del. De ramp easket 176 libbens. Dêr wie in grut part by fan it Kleurryk Alvetal, proffuotballers fan Surinaamsk komôf, op wei om yn Suriname in toernoai te spyljen. Alve minsken oerlibben it ûngelok.

In ûndersyk wurdt ynsteld en der blykt fan alles mis te wêzen. Twa fleaners binne te âld, in tredde hat gjin brevet. De bemanning is ynhierd fia in Amerikaansk útstjoerburo foar fleanpersoniel dêr’t de papieren hast net fan kontrolearre binne. SLM-gesachfierder Frank de Miranda stelt in pear wike foar it fleanûngelok misstannen op it mêd fan feilichheidsprosedueres en de technyske steat fan de fleantugen oan ’e kaak by syn wurkjouwer. Yn stree fan nei him te harkjen, wurdt er skorst. Hy is dan ek net fernuvere oer it ûngelok.

Marlea Kogeldans ferliest by de ramp har broer Ruben, in talintfolle fuotballer. Hja wegeret te skikken en prosedearret tsjin SLM oant har jild op is, mar ta in feroardieling komt it net. Fuotballer Radjin de Haan oerlibbet it ûngelok en wol sa gau mooglik wer op topnivo fuotbalje, nettsjinsteande in brutsen wringe út de rêch.

Yn Andere Tijden in rekonstruksje fan it fleanûngelok en de neisleep derfan.

Presintaasje: Hans Goedkoop.

april 16, 2019 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.