Alles wat jo net wisten oer de penis

april 21, 2019 10:37 Fernijd

De helte fan ‘e minsken hat ien, fan de oare helte kriget in grut part wolris ien te sjen: in penis. Of kul. Of pyl. En der is noch gâns in steal nammen te neamen dy’t it manlik skamdiel hat. Urolooch perfester Piet Hoebeke hat der in boek oer skreaun. It stiet fol mei feitsjes dy’t foar de measte minsken ûnbekend binne.

In pear opmerklike weetsjes:

– Manlju mei in ringfinger dy’t in stik langer is as harren wiisfinger, hawwe gauris in opfallend grutte kul.
– De iennichste wize om in gruttere penis te krijen is ôffalle. Wa’t tsien kilo kwytrekket, rekket fet op ‘e búk kwyt. De penis stekt dan in sintimeter mear út it lichem wei. Alle oare manieren skansearje de penis en de measte manlju krije der spyt fan.
– Grutte kullen dogge it faak minder goed as lytse en se lûke ek faak krom.
– In foarhûd is behoarlik grut: iepenteard hat er it oerflak fan it brievekaart.
– Manlju krije yn ‘e sliep alle nachten seis oant acht kear in ereksje sûnder it te fernimmen.
– Jonge manlju meitsje elke sekonde sa’n tûzen nije siedsellen oan. – Faak sied spuitsje is goed foar de prostaat en kin sels prostaatkanker foarkomme. Hoekebe ret oan om op syn minst 21 kear yn ‘e moanne klear te kommen.
– Ien persint fan ‘e manlju pisset net út ‘e punt fan ‘e pyl, mar hat it pisgatsje oan ‘e sydkant of sels yn ‘e sek.
– It iten fan fleis is goed foar it seksuele funksjonearjen fan ‘e penis.

Noch folle mear oer it manlik lid stiet yn it boek De penis. Weetjes en kneepjes voor dagelijks gebruik fan Piet Hoebeke. It is útjûn troch Borgerhoff & Lamberigts en kostet 24,99 euro. Klik hjir foar mear ynformaasje of om it boek te bestellen.

april 21, 2019 10:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Kerst Huisman april 23, 09:44

    Mei in Fryske boargemaster, dy’t ris njonken in kollega fan my yn in urinoir fan in restaurant stie, siz ik ek wolris: ‘Kom te voorschijn gij lafaard. It is allinnich mar om te pisjen hear’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.