Afûk sjocht oer de lânsgrinzen hinne

april 16, 2019 22:01

De measte Friezen sille de Afûk yn Ljouwert kenne as in taalskoalle, dêr’t men better Frysk leare kin. Alle jierren folgje sa’n tûzen minsken der in kursus om bygelyks it praten of skriuwen fan de Fryske taal better yn ‘e macht te krijen. Bekend is de Afûk ek om ‘e boekwinkel by de Aldehou, fan de kampanje Praat mar Frysk en fan de televyzjeprogramma’s mei Henk Wolf en Brecht Wassenaar yn de rol fan taaladviseurs.

De Afûk bestiet al sûnt 1928 en sjocht de ôfrûne jierren foarsichtich wat oer de grinzen hinne. Sa wurke de organisaasje mei it Nordfriisk Instituut yn Dútslân oan ynternetkursussen foar de Dútske foarmen fan it Frysk en setten Afûk-meiwurkers ferline jier yn ‘e Prinsetún alle wiken in oare Europeeske taal yn it sintsje. No is de Afûk lid wurden fan it NPLD. Dat stiet foar Network for the Promotion of Linguistic Diversity (netwurk foar it stypjen fan meartaligens). Mei help fan syn leden soarget it NPLD derfoar dat safolle mooglik minsken, organisaasjes en oerheden oer meartaligens ynformearre wurde en der sels ek nei stribje. Sa organisearre it NPLD ferline wike yn Wales in dei oer meartaligens. Yn juny komme de leden yn ‘e Frânske stêd Toulouse byinoar om ideeën út te wikseljen.

april 16, 2019 22:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.