Aant Mulder: Utsteld Haachsk oerlis

april 30, 2019 07:30

Kollum

It hie woansdei 24 april in moaie dei foar it Frysk wurde moatten. Dat is der net fan kommen. Hie ’t al sa west, dan hiene de kranten dêr grif wol omtinken oan jûn. Yn de Ljouwerter fan ferline wike lies ik allinne mar dat de provinsje Fryslân ûndersyk dwaan wol nei de ynfloed fan de Fryske taal op ús ekonomy. Dat is fansels hiel aardich, mar dat is net wat ik bedoel. Nee, dy deis hie yn De Haach troch de Fêste Keamerkommisje foar Ynlânske Saken en minister Kajsa Ollongren oer de BFTK 2019-2013 (Bestjoersoerienkomst Fryske Taal en Kultuer) en dus oer it Frysk praat wurde sillen. Dêr hie ik, en ik net allinne, hege ferwachtingen fan. Dat it net de moaie dei wurden is dêr’t ik op tidige hie, komt trochdat dat oerlis net holden is. It waard trochskood nei woansdei 26 juny. Op himsels hinderet dat neat. Dat guon lju drok dwaande wiene om it ien en oar ynhâldlik goed ta te rieden, hinderet ek neat. Dat oaren ûnderwilens betochten hoe’t mei in aktiviteit op it Binnenhof de oandacht op it Frysk rjochte wurde koe, kin itselde fan sein wurde. Dat in bus klear stie en mear fan sokke dingen, dat mei allegearre hinne bruie. Dat kin moai sjoen wurde as in soarte fan generale repetysje foar 26 juny.

Dat it oerlis net op 24 april mar op 26 juny holden wurdt, dat dogge se der gewoan om, hear ik guon om my hinne sizzen.

Jawis, mar dat it oerlis mar leafst twa moanne trochskood wurdt, makket wol dat guon fan ús tinke en sizze dat it Frysk dêre yn De Haach net botte belangryk fûn wurdt. Dat is fansels helte slimmer. It oerlis oer it Frysk waard trochskood om’t no dy deis in kommisjegearkomste holden waard oer de nasjonale omjouwingsfyzje, dêr’t de minister ek by ferwachte waard. Yn dat oerlis kamen gâns mear brieven oan ’e oarder as yn ús oerlis oer it Frysk. Dat soe samar de reden wêze kinne dat it allegearre wat oars giet as ferwachte. Dat der folle faker skood wurdt en dat soks earder regel as útsûndering is, wurdt dúdlik as men in skoftke op de webside fan dy fêste kommisjes omsneupt. It is net oars.

Yn it gebou fan de Twadde Keamer. Foto © Aant Mulder

It rekket guon fan ús likegoed, mar dêr begripe se yn De Haach grif net folle fan. Guon fan ús tinke net allinne dat it Frysk dêre net belangryk fûn wurdt, mar ek dat in spultsje spile wurdt. Dat it oerlis net op 24 april mar op 26 juny holden wurdt, dat dogge se der gewoan om, hear ik guon om my hinne sizzen. Dat dogge se, sizze dyselden, om’t se heard ha dat der in busfol folk op dy kommisjegearkomste ôfsetten komme soe. Se ha dy drokte op it Binnenhof en dy seal fol folk grif tefoaren kommen wollen om’t de parse op soks ôfsetten komt. Dat is lestich foar wa’t neat te melden hat. De minister sil ommers de BFTK gewoan oereinhâlde wolle. Dat kommisje en minister gjin busfollen minsken wolle en leaver ek gjin parse om’t de BFTK dochs net mear feroare wurdt, dêr binne de Friezen dy’t de tryste kant neist binne, wol wis fan.

Guon tinke ek dat dêrom dy lette datum keazen is. It hat alle kâns dat de minsken yn juny minder tiid en gelegenheid ha as yn april om nei De Haach ta te kinnen. Dat jout dus minder drokte. En net allinne de datum is ferskood, de tiid ek. It oerlis op woansdei 24 april soe de middeis om 13.00 oere holden wurde. It oerlis op woansdei 26 juny begjint de moarns om 11.00 oere. Dy busfol Friezen moat dus foar dei en foar dage ôfsette om yn De Haach noch wat aardige dingen dwaan te kinnen op in minder gaadlike momint as earst oan tocht wie. Der sil om dy tiid hinne grif minder publyk wêze. Ik wol der eins net in tryst sin fan krije. Dat it guon tsjuster te moede is, kin ik likegoed wol begripe. Sa giet it ommers hieltyd mei it Frysk. Der wurdt ús wat tasein en dat wurdt net hielendal of hielendal net wier makke en de oare kear wurdt dan wat minder ôfpraat mei de tasizzing dat dat goed komme sil. Dat wurdt allegearre kreas opskreaun en ûndertekene. Sa komt it dat it liket dat it Frysk der op papier goed foarstiet, wylst it yn de praktyk mar net slagje wol en buorkje wat foarút. Dat ûndersyk nei de ynfloed fan it Frysk op ús ekonomy, dêr’t ik it yn it begjin oer hie, wurdt dêr grif ek wer in foarbyld fan. Mar de grutte foarbylden, dat binne fansels de BFTK’s en dêr soe it no krekt yn dat oerlis yn de Haach oer gean!

Dat waard dien om’t De Haach ek ferantwurdlik is foar de twadde rykstaal.

 

Yngong Twadde Keamergebou. Foto © Aant Mulder

Ik wol gjin swartkiker wêze, dat ik tidigje derop dat op woansdei 26 juny, de moarns ier en betiid in busfol Friezen nei De Haach ôfreizget om dêre in pear ludike Fryske aksjes te hâlden en om letter manmachtich it oerlis oer de BFTK by te wenjen. Foar wa’t net mear wit hoe’t it allegearre krekt sit, wol ik dat noch wol efkes koart gearfetsje. De provinsje Fryslân en de minister ha op freed 30 novimber 2018 de nije BFTK 2019-2013 ûndertekene. De Ried fan de Fryske Beweging hie earder al in Skaad-BFTK oan de deputearre oanbean (woansdei 27 juny 2018) om oan te jaan wat der eins minstens yn sa’n BFTK stean moatte soe, yn de hope dat de Provinsje en it Ryk dêr wat mei dwaan soene. Dat is him net wurden, Dêrom hat de Ried doe op tiisdei 18 desimber in petysje oan de Twadde Keamerkommisje fan Ynlânske Saken oanbean. Dat waard dien om’t ek De Haach ferantwurdlik is foar de twadde rykstaal. De delegaasje út Fryslân wei hat doe in goed petear mei de kommisjeleden hân. Oft it der no al of net fan komt, dat witte we net, mar de kommisje hat fragen steld oan de minister. De brief mei antwurden fan de minister wiene se net tefreden oer en dêrom ha se om in oerlis frege. Dat oerlis is no dus op 26 juny.

Dy deis moatte de kommisjeleden eins wat foar it Frysk bedije kinne, lykas mear faasje as it om it Frysk yn it ûnderwiis giet, mear omtinken foar it Frysk yn de media en fansels de sichtberens fan it Frysk! Dêr tidigje we op en dan moatte we mei-inoar eins de kommende jierren wer mei faasje foarút kinne. Ik hoopje dêrom dat no woansdei 26 juny de moaie dei wurdt dêr’t ik mei begûn.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 27 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
april 30, 2019 07:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.