Aant Mulder: Stêd fan Boeken

april 9, 2019 07:00

Kollum

City of Literature, Stêd fan Boeken, de boekewike, it is my suver allegearre mar wat ûntkommen. De boekewike mei it tema ‘De moeder de vrouw’ dy’t duorre fan sneon 23 maart oant en mei snein 31 maart wol ik it noch al efkes oer ha. In boekewike ha we yn Fryslân te min oan. Dêrom ha we te uzes De Moanne fan it Fryske boek, dy’t op sneon 2 maart mei in Frysk boekebal yn Neushoorn begûn en duorre oant en mei de ôfsluting op snein 31 maart yn de eardere Ljouwerter synagoge. In moaie wike of sels in hiele moanne om boeken te keapjen en dêr in ferskaat oan boekjes op ta te krijen. Ik tink oan it boekewikegeskink Jas van belofte fan Jan Siebelink, dat troch Jetske Bilker yn ’t Frysk oerset waard en dat te krijen wie foar wa’t foar € 12,50 oan boeken kocht. Fierder hat Murat Isik it boekewike-essay Mijn moeders strijd, dat foar € 3,75 te krijen wie, skreaun. Foar De Moanne fan it Fryske Boek hat Willem Schoorstra it kadoboek Rosmos skreaun. Dat boekje dêr’t tûzen fan printe binne, wie oan ’e ein fan de moanne net mear te besetten en dat is fansels moai.

Ik ha alle kearen weroan it gefoel dat it rychje Fryske boeken in tafallich rychje is fan oerbleaune boeken

It hat der alles fan dat boekewike en Moanne fan it Fryske Boek goed slagge binne. Yn kranten en tydskriften hat De Moanne fan it Fryske boek ek aardich wat omtinken hân. Yn ’e LC hat ûnder dy namme in moanne lang in rubryk stien dêr’t skriuwers, dichters en betûfte lêzers oan it wurd kamen om te fertellen hokker boeken se as oanrieders sjogge om yn ’e kunde te kommen mei de Fryske literatuer. It is in moai ferskaat oan boeken wurden, fan It Heechhôf fan Reinder Brolsma oan Kinst net sliepe lytse bear yn de oersetting fan Clara de Boer-de Jong ta. Dat fûn ik wol in nijsgjirrige ynfalshoeke, mar doe’t ik dêre wat langer oer neitocht fûn ik dat eins hieltyd minder. Fan de 24 neamde boeken binne ommers acht al net mear yn de boekhannel te besetten. Dêrfoar moat men nei biblioteek of nei Tresoar ta. Dat docht men net daliks en dêrom sil it net tafalle en kom sa yn ’e kunde mei de hiele Fryske literatuer.

Ik kom dêr no op, mar ik ha it wol faker tocht, dat it net tafalt en kom yn ’e kunde mei de Fryske literatuer. Wa’t echt wat wol, sil op in boekhannel tasette om dêre te ûntdekken dat de Fryske boeken ornaris op in pear planken healwei of noch fierder nei efteren yn ’e winkel steane. Der stiet dan daliks ek fan alles en noch wat oer Fryslân by, de skiednis fan Fryslân, de lânskippen en stêden yn Fryslân. Ik ha alle kearen weroan it gefoel dat it rychje Fryske boeken in tafallich rychje is fan oerbleaune boeken, sûnder dat dat rychje wer oanfolle wurdt mei de ferkochte en dus gongbere boeken. Ik kin der net in wittenskiplik ferhaal op loslitte, mar ik kin it wol yllustrearje. Tresoar hâldt in prachtige list by fan nij útkommen wurk. Dy list ha ’k efkes besjoen. Dêre steane fan begjin 2017 ôf 202 boeken op. Dat binne 42 proazawurken, 39 dichtbondels, 45 toanielstikken, 55 berne- en jeugdliteratuer en 21 ferskate wurken. Ik doar de stelling wol oan dat der net in boekhannel is dêr’t jo in folslein oersjoch krije kinne fan de Fryske literatuer yn de lêste twa jier, útsein de Afûk faaks. As der wat nijs ferskynt binne der eins altyd wol (digitale) kranten en tydskriften dy’t yn advertinsjes en skôgingen efkes omtinken jouwe oan dat nije wurk. Mar dat binne fansels mar mominten. In part fan it wurk komt yn de winkel en dêr giet it mei sa’t ik dat al ferdútste. It falt ôf en krij sa wat ynsjoch yn de nije Fryske literatuer en dat jildt foar de wat âldere literatuer nammerste mear. Dy boeken binne gauris útferkocht, steane net mear yn de winkels en dus moat men yn twaddehânsk boekwinkeltsjes, yn biblioteken of by Tresoar terjochte.

Ik soe ta wolle op ien folslein gehiel fan alle boeken dy’t yn ’t ramt fan de Fryske literatuer ferskynd binne sûnder drompels foar lêzers.

Nei De Moanne fan it boek en foar de kandidaatstelling foar de titel City of Literature (as dy alteast trochgiet) doch ik in útstel. Hoewol’t Tresoar en Afûk moaie oersjoggen en foarrieden ha, soe ik ta wolle op ien folslein gehiel fan alle boeken dy’t yn ’t ramt fan de Fryske literatuer ferskynd binne sûnder drompels foar lêzers. Tink oan in soarte fan biblioteek, in boekhannel, tink eins oan in sirkelgong  fan boeken. Der soe in plak komme moatte dêr’t alle skriuwers en dichters fan Fryslân út earder en letter tiden in eigen planke of planken ha mei har folsleine wurk dêrop útstald. Oars sein alles wat yn Koarte skiednis fan de Fryske Skriftekennisse en/of Lyts hânboek fan de Fryske literatuer en yn listnijwurk.tresoar.nl neamd wurdt soe dêr stean moatte. Ik stel my in gebou foar as in soarte fan grut boek dêr’t jo trochhinne rinnend, blêdzjend, alles tsjinkomme wat we ha.

Obe

Boeken dy’t beskikber binne moatte dêr gewoan ferkocht wurde kinne. Dat is it maklikste part. Boeken dy’t útferkocht binne, dat wurdt in lestiger ferhaal. Ik soe wolle dat wa’t thús boeken wer kwyt wol, dat dy net by it âld papier reitsje, op ûndúdlike boekemerken telâne komme of yn twaddehânsk boekwinkeltsje it hiele lân troch fersille reitsje. Ik soe wolle dat dy boeken foar in pear sinten weromkomme yn de provinsjale foarried en dan dus ek wer ferkocht wurde kinne. Op grûn fan dat proses soe besjoen wurde kinne oft en hokker boeken  oan in werdruk ta binne. Want alles soe dêre eins te lêzen, te krijen wêze moatte. Sa’n plak soe in noflik plak wurde kinne foar lêzende Friezen. Gewoan op in middei ta de doar yn stappe, om dy hinne sjen, in bakje kofje of tee, in praatsje en besjen watst fan dyn favorite skriuwer fan doe of fan no noch net lêzen hast en dat meinimme.

De provinsje soe yn ’e mande mei Tresoar en Afûk soks opsette kinne om ús sa in eigen Frysk literêr poadium, faaks in ynternasjonaal poadium te jaan. It fan my bedoelde boekehûs soe tichteby dy oare ynstânsjes komme moatte. Dat kin! Wy ha sels al in gebou mei in passende namme Obe. Soe dat net wat wêze? Sa wurdt de Fryske literatuer mear fan ús mei-inoar. Dêr soene we grutsk op wêze kinne. As we sa de eigen Fryske literatuer op ’e kaart sette, kinne we mei rjocht en reden goed meidwaan oan City of Literature, Stêd fan Boeken.

Foto’s: Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 6 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

april 9, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.