Aant Mulder: Net samar fan ’e flier op ’e souder

april 16, 2019 06:52

Kollum

Net samar fan de flier op ’e souder stappe wolle. Dat is in útdrukking, in siswize, dêr’t ik mar min oer kin. Soks wurdt gauris sein as immen tefolle tagelyk feroarje wol. Foar alle dúdlikens, it binne ornaris de oaren dy’t fine dat dejingen dy’t dingen oars dwaan wolle te hurd geane en dy’t alles mar leaver hâlde sa’t it is. Ik wit der alles fan. Ik wie noch mar krekt haad fan de skoalle, doe’t ik betocht dat guon dingen wol wat oars en faaks wol wat better koene. Doe’t ik dêr op in âlderjûn oer op ’e tekst rekke, waard dúdlik dat de âlders dêr noch net oan ta wiene. De oare deis yn in petear mei immen dy’t eins neat mei dy diskusje te krijen hie, krige ik wol te hearren dat ik net daliks fan de flier op ’e souder stappe moast. Soks wiene de âlders yn dy omkriten net wend. Ik moast tuike-tuike  oan en dat wylst ik al tocht dat ik dat die.

Dêr moast ik wer oan tinke doe’t ik op It Nijs boppe in artikel oer Dingtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, dyselde siswize stean seach: Net samar fan de flier op ’e souder. Ik frege my ôf wa’t soks fan Dingtiid tocht. Wa yn ’e goedichheid soe tinke kinne dat dat advysorgaan mei sokke yngripende advizen komt dat dy fynt dat se dêre net fan de flier op ’e souder stappe moatte. Soene se dat fan harsels sizze of soe de sjoernalist fan dat artikel dy kop foar kar nommen ha. Hoewol’t ik dat hiele artikel yngeand lêzen ha, kin ik dêr neat oer weromfine. Spitich. Oan ’e oare kant, hoe’t dy siswize boppe dat artikel komt, docht der eins ek net folle ta. It doocht gewoan net! Men kin fan Dingtiid sizze wat men wol, mar dat se fan de flier op ’e souder stappe, no nee, dat net.

As Dingtiid it lykfine kin mei wat no yn dy BFTK stiet,
dan hat it de latte net botte heech lein.

Dingtiid is dus de namme fan it Orgaan fan de Fryske Taal. Dat advysorgaan waard tagelyk mei de Wet gebruik Friese taal op 1 jannewaris 2014, ynsteld mei as taak om de likense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen. Sa stiet it alteast yn dat artikel. It artikel dêr’t ik op doel stie op It Nijs (7-4-2019) en sil bedoeld west ha om de lêzers yndachtich te meitsjen op it jierferslach fan 2018. Dy titel makke nijsgjirrich. Dat jilde yn alle gefallen foar my. Dat ik ha it jierferslach opsocht en lêzen om te sjen oft ik dêr wat fan dy siswize oer de flier en de souder yn weromfine koe. Dat ferslach begjint eins mei it beneamen fan it grutte tal oerlizzen mei provinsje en Ryk, benammen rjochte op it ta stân kommen fan de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2019-2023 (BFTK) en petearen mei gemeenten, Omrop Fryslân en Rjochtbank Noard-Nederlân. It advisearjen oangeande de nije BFTK wurdt as ien fan de wichtichste taken neamd. It is allinne spitich dat net dúdlik wurdt wat dy advizen ynholden. As Dingtiid it lykfine kin mei wat no yn dy BFTK stiet, dan hat it de latte net botte heech lein. Dat it heech opset by dy BFTK, dat is wol dúdlik, want dy bestjoersôfspraak wurdt ek nochris yn in apart haadstikje neamd as wichtichste ûnderwerp. Fierder wurdt omtinken frege foar de posysje fan de Fryske Akademy. Yn it jierferslach wurde in tal ûndersiken neamd, lykas de rol fan it Frysk by de gemeentlike weryndielingen, de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst, de nulmjitting Frysk by de gemeenten en it Frysk yn it bestjoerlik ferkear. Utkomsten en advizen wurdt net folle oer sein. It jierferslach is yn it foarste plak in ferslach fan petearen, gearkomsten, ferslaggen en ûndersiken.

Likegoed sjogge se by Dingtiid nei eigen sizzen werom op in goede earste perioade. De bestjoerders ha der nocht oan, want se binne allegearre foar in twadde perioade beneamd, hoewol’t foarsitter Klaas Sietse Spoelstra wol op 31 desimber 2018 ôfskied nommen hat. Der moat dus in nije foarsitter komme! Lêzendewei ûntstiet it gefoel dat Dingtiid him rjochtet op 2030. De LC neamde dat ferline jier sa: 2030 weegjaar voor Friese taal. It sil net tafallich wêze dat dat ferhaal mei dy kop yn it jierferslach neamd wurdt. It is dúdlik dat de nije BFTK, dêr’t Dingtiid yngeand oan meiwurke hat en dêr’t advizen oer útbrocht waarden foar Dingtiid it ynstrumint is om te kommen ta lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlânsk yn Fryslân. Dat oaren fan betinken binne dat 2030 fierstente lang duorret en dat it ek noch mar de fraach is oft de skoallen dan wol dogge wat no fan harren ferwachte wurdt, liket oan Dingtiid foarby te gean. Dat dy oaren tagelyk fine dat it tiid wurdt om yn folle koartere tiidrekken de goede dingen te dwaan, fyn ik dus ek neat fan yn it jierferslach fan Dingtiid werom. Wat dat oanbelanget moatte dy oare groepearringen, lykas de Ried fan de Fryske Beweging, Europeesk Buro Lytse Talen, Feriening Frysk Underwiis, BAST/SisTsiis, dy’t it leafst mei faasje foarút wolle, it dwaan sûnder advizen fan dat offisjele advysorgaan. Wat sei, it falt foar dy groepearringen noch net net iens ta om heard te wurden, om oer meipraten mar te swijen.

Likegoed soe it moai wêze as Dingtiid wat mear ambysje hie foar in Fryske takomst, doelen sels beneame soe en dy doelen op wat koartere termyn neistribje soe.

Werom nei Dingtiid. Wa’t advizen jout moat eins wol wat in byld fan de takomst ha. It hat fansels alle kâns dat, sa’t ik al sei, de BFTK 2019-2023 fan Ryk en provinsje tagelyk de fyzje fan Dingtiid ferwurdet. Likegoed soe it moai wêze as Dingtiid wat mear ambysje hie foar in Fryske takomst, doelen sels beneame soe en dy doelen op wat koartere termyn neistribje soe. Foar oardel ton jiers moat wol wat mooglik wêze. Dingtiid sels neamt gâns wat dingen op dy’t it yn 2018 berikt hat. It hat advisearre oer de BFTK. It hat ûndersyk dien nei de posysje fan it Frysk. It hat de minister advisearre oangeande it Europeeske Hânfêst en Dingtiid is sichtberder wurden. As ik jierferslach en artikel lêzen ha, kom ik oangeande de titel fan dat ferhaal mar op ien konklúzje út. Dingtiid stiet noch gewoan op ’e flier en docht tuike-tuike oan. ‘Net samar fan ’e flier op ’e souder’ kin dus grif allinne mar troch oaren en dan allinne ek noch mar iroanysk of sels sarkastysk bedoeld wêze. Dat is wol dúdlik.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 13 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
april 16, 2019 06:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.