Aant Mulder: It Frysk en de eintoets

april 23, 2019 13:00

Kollum

De pakesizzer hat fan ’e wike de IEP-toets makke. Dat is de eintoets basisûnderwiis. Wa’t gjin bern of bernsbern yn groep 8 hat, hat der yn ’e kranten fan alles oer lêze kinnen. Tagelyk steane yn dyselde kranten in pear dingen oer it Frysk. Ik lês bygelyks dat de ynspeksje dwaande is mei in ûndersyk nei it Frysk op de basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis. De ynspeksje docht dat ûndersyk om’t neffens minister Slob op dit stuit de goede dingen foar it Frysk dien wurde. Wy lêze boppedat oer it Lyts Frysk Diktee foar de groepen 8 fan de basisskoallen. Trijehûndert bern diene mei, 23 hellen de finale en mochten dat diktee yn it Provinsjehûs yn Ljouwert meitsje. Berjochten oer de eintoets en berjochten oer it Frysk ha fansels neat mei-inoar te krijen. Of dochs wol? Beide ûnderwerpen, toetsen en it Frysk, hiene gewoan ien en itselde ûnderwerp wêze moatten. Net: de eintoets en it Frysk, mar it Frysk yn de eintoets. Hoesa dan?

Ik moat earst mar efkes wat fertelle oer dy eintoets. Der binne in pear dingen feroare sûnt ik dêr aktyf mei te krijen hie. De Cito-eintoets waard alle jierren weroan yn febrewaris ôfnommen. De toets wie net ferplichte mar hast alle skoallen diene mei. Sa wie dat tusken 1970 en 2014. Dat dy toets net ferplichte wie, makke dat guon skoallen foar oare opsjes keazen. Us skoalle hat doe skoften meidien oan de saneamde Drompeltoets, om’t wy fan betinken wiene dat dy toets krekt wat better by de Fryske situaasje paste as de CITO-toets. De útslaggen fan dy toetsen waarden brûkt om de bern fan groep 8 stik foar stik in goed advys foar in ferfolchskoalle te jaan.

De eintoets is ferplichte, dat wol,
mar der binne fiif ferskillende toetsen dy’t dêrfoar brûkt wurde kinne.

Om 2015 hinne feroaren de ynsjoggen. De skoalle soe folle mear op grûn fan it eigen learlingfolchsysteem in advys jaan moatte. De útslaggen fan de eintoets koene dan brûkt wurde om skoallen te ferlykjen. Dêrom wurdt sûnt dat jier de eintoets holden as de bern al witte nei hokker skoalle se geane. De eintoets ferskode om dy reden fan febrewaris nei april. Dat is de situaasje fan hjoed-de-dei. De eintoets wurdt ôfnommen tusken heal april en heal maaie. It krekte momint hinget ôf fan de toets dy’t foar kar nommen wurdt. Ik miende mar dat de Cito-eintoets ferplichte steld wie, mar dat is net sa. De eintoets is ferplichte, dat wol, mar der binne fiif ferskillende toetsen dy’t dêrfoar brûkt wurde kinne. De Cito-eintoets is dêr ien fan. Dy toets wurdt sa stadichoan lykwols troch minder as de helte fan de skoallen brûkt. Sa komt it dat de pakesizzer it oer de IEP-toets (ynsjoch eigen profyl) hat en wer oaren it ha oer: Route 8, Dia-eintoets en AMN-eintoets. Dy IEP-toets docht my suver wer tinken oan de Drompeltoets fan doedestiden. Dat it learlingfolchsyteem der foar de bern is en de eintoets foar de skoallen, sa’t ik tocht, dat is likegoed net sa.

No’t der fiif ferskillende eintoetsen binne, makket dat it út soarte wol lestich om resultaten fan bern en skoallen te ferlykjen. Op it stuit is it sa dat as bern op de eintoets bettere resultaten helje en dêrtroch foar in oare skoalle yn ’e beneaming komme, dan moat dat kinne. Oarsom kin net. Tagelyk begryp ik dat saakkundigen de eintoets wer mear by it skoalle-advys belûke wolle. Dêrom wurdt wer praat oer it earder ôfnimmen fan dy toets. Underwilens betink ik dat hast hielendal net mear praat wurdt oer it ferlykjen fan skoallen.

As sokke fragelisten net foar it Hollânsk opsteld wurde, hoecht dat foar it Frysk ek net.

De ynspeksje is lykwols dúdlik. De eintoets is bedoeld om noch better te witten hokfoar skoalle foar fuortset ûnderwiis geskikt is en om te witten hoe’t de skoalle it as skoalle yn ferliking mei oare skoallen docht. Dan tink ik dat der noch hieltyd net safolle feroare is. It nivo fan de bern en it nivo fan de skoalle wurde beide bepaald troch de resultaten fan de eintoets en de ûnderwerpen dy’t yn dy eintoets oan ’e oarder komme. Wy ha it dus allinne mar oer taal, rekkenjen en wiskunde en, as de skoalle dat wol, oer wrâldoriïntaasje. Dat is te min om in goed byld fan in skoalle te krijen, dat is yn alle gefallen te min om in goed byld fan de skoallen yn Fryslân te krijen. As it goed is, dogge skoallen ommers noch folle mear as dy pear fakken dy’t toetst wurde. Oan ’e oare kant wurde skoallen ferlike en krije dy minne resinsjes fan de ynspeksje as dy pear fakken net goed binne. Dat betsjut –oft skoallen dat no wolle of net – dat yn ’t foarste plak ynset wurdt op rekkenjen en taal.

 

Foto © Aant Mulder

Taal? Wy ha twa talen! Hoe sit it eins mei it Frysk. Dat antwurd is gau jûn. It Frysk falt bûten dat hiele ferhaal. Dat doocht fansels net. As yn Fryslân it Hollânsk en it Frysk lykweardige talen binne, dan is net út te lizzen dat de iene taal wol en de oare net opnommen is yn learlingfolchsystemen en eintoetsen. It earder ûntbrekken fan in learlingfolchsysteem foar it Frysk wie foar de ynspeksje in soarte fan ekskús om wat dy taal oanbelange mar neat te dwaan. Der moast earst in learlingfolchsysteem komme. Dat is der no. Dat soe betsjutte moatte dat it Frysk yn Fryslân no ek gewoan yn de eintoetsen opnommen wurde kinne moat. Dy IEP-toets liket my in moaie mooglikheid ta. In nije drompeltoets soe ek wol wat wêze. En wat docht de ynspeksje? Dy komt mei nije fragelisten oan bern en oan skoallen oer it Frysk. As sokke fragelisten net foar it Hollânsk opsteld wurde, hoecht dat foar it Frysk ek net. Gjin fragen mear stelle dus, mar dwaan. It Frysk moat opnommen wurde yn de eintoetsen. Dan kin it Lyts Frysk Diktee gewoan in ûnderdiel wurde fan de eintoets. As de ynspeksje der net mear wurk fan makket as no, soene Ryk en provinsje ris in goed petear mei de ynspeksje ha moatte. As skoallen kwaliteit leverje moatte, dan moat de ynspeksje dat ek. Hawar de pakesizzer yn Almere hat gjin weet fan dizze diskusje. Hy giet gewoan op grûn fan it learlingfolchsyteem nei it Helen Parkhurst College en dat fynt pake as âld- direkteur fan in daltonbasiskoalle fansels prachtich.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 20 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

april 23, 2019 13:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.